Algemeen

Kolum Etie Pasma: Alde Sije 25

Mei elk in glês wetter foar har lei Van Kempen in opname apparaat op tafel, draaide de laptop nei Wytsma ta en dy begûn mei it nijs dat se, nei alle gedachten, de dieders fan de oerfal op syn heit, hienen.  Jelke sykhelle djip en sei: ‘Wat in gelok dat jim dy ûngelokken ha!’  

Dêrop wie it efkes stil!  Wytsma kuchte In kear en sei: ’As jo it goed fine dan fertel ik wat wy oant no ta witte!’  Jelke knikte.  Wytsma: ‘Sa as wy al tochten wienen it twa mannen dy by jo heit ynbrutsen ha. Sy stienen mei in karavan, op in kamping yn de Wâlden en wienen dêr op in soarte fan “fisk-fakânsje!” Se brûkten dat as “dekmantel” moatte jo mar tinke.  Dat witte wy fan de minsken dy neist harren op dy kamping stienen en foaral dy ‘buorfrou’ fûn it núver dat se, sa it like, wol mei in sekje fisk thús kamen mar dat se nea rûkte dat se oan it fisk bakken west hienen en dat rûkt eins fier, lyk as sy sei!  Hawar, wy tinke dus, dat se earst hjir en dêr sjoen ha en socht om mooglike slachtoffers en sa by jo heit komme binnen.’

‘Ho even, jim tinke? Hoesa jim tinke! Ha se dat net sels sein? Of ha jim har dat net frege? Of ha jim se miskien noch hielendal net efter de tralies?’ frege Jelke no oerstjoer.

Wytsma: ‘Dat binne in hiel soad fragen tagelyk Boskma en dêr wie ik eins noch net oan ta, mar omdat jo der oer begjinne fertel ik no earst mar dat dizze mannen, op de weromreis, in ûngelok hân ha en sa slim ferwûne wienen dat we har net ferheare koenen! Dêrby komt no ek noch, dat we dat yn de takomst ek nea wer dwaan kinne, want ik ha fan ‘e jûn bericht hân dat se hjoed beide oan de ferwûnings ferstoarn binne!’  

‘Wat? En wêrom wit ik dat net?’ klonk der no yniens út de mûle fan Van Kempen.

‘Ja, sorry kollega, ik wit it ek noch mar krekt en ha it noch net oan elk fertelle kinnen, mar it stiet wol op ús plysje-side mei it lêste nijs dy jim allegearre ynsjen kinne!’ 

Van Kempen knikte en sei: ‘Okay, okay!’

'Ek sorry foar jo Boskma, dat dit der efkes tuskentroch kaam. Sa sjogge jo mar dat it ek by ús net altyd giet sa it moat, mar ek dat wy der dus wolris nei gisse moatte!’  Jelke knikte.  

Wytsma: ‘Foar sa fier wy no witte, waard de grûn de mannen, op de kamping, te hyt ûnder de fuotten, omdat foaral dy buor-frou dêr, wêr ik it niis al oer hie, tige nijsgjirrich wie en harren al in kear oer it mot kommen wie en doe hat sy dy leppeltsjes fan jo heit lizzen sjoen. De dieders fûnen har te nijsgjirrich, tink ik, en binne dêrtroch fuort gien. In gelok is dat se dêrtroch hjir yn Fryslân sa goed as seker gjin mear slachtoffers makke ha. Al is de oerfal op jo heit al slim genôch, fansels!’  

‘Dat soe ik ek sizze,’ sei Jelke, ‘mar as ik jo goed begrepen ha dan ha se in ûngelok hân? Te hurd riden of sa?’  ‘Dat net! In tsjel fan de karavan is yn ‘e sêfte berm kommen en nei in skuor, oan it stjoer, binne se oan de oare kant fan de dyk tsjin in beam riden en beide dus swier ferwûnne rekke. Se ha noch wol in skoft yn it sikehûs lein en binne dêr hjoed beide ferstoarn!’  

‘Tsjonge jonge,’ sei Jelke, ‘sa komt it sprekwurd dizze kear dus wol út dat seit: “It kwea straft himself!”   ‘Sa soenen jo it sizze kinne!’‘Doch spitich, ik hie se graach yn de gefangenis ha wollen, mar ja, it is net oars.'‘Nee, it is net oars, mar ik ha noch in fraach foar jo, soenen jo dit sels oan jo heit fertelle wolle want ik soe net graach wolle dat hy troch my in tebeksetter krijt.’‘Ja, dat doch ik wol! It giet trouwens wol aardich mei him, hy leit no op in seal mei trije mannen en dat fynt er wol gesellich, neffens my.’  

‘Dat is moai, ik hoopje dat hy der wer hielendal boppe op komt, doch him de groeten en winskje hinne betterskip, namens it hiele team!’  Van Kempen knikte, dêr wie hy it, sa te sjen, mei iens.De mannen namen ôfskie en Jelke bedankte har foar dit boadskip en al it wurk.

Al hoe let it ek wie, se moasten hjir earst noch efkes mei mekoar oer prate, mar nei wat drinken en in stikje tsiis wie it, foaral foar Sije, heech tiid om it bêd op te sykjen. Mei in ‘Wol te rêsten’ gie er nei boppen. Jelke en Styntsje makken it net folle letter, mar wienen beide wol benijd as er dizze nacht miskien ek wer by harren komme soe, mar dat barde net, en dêr wienen se bliid om!’  

Etie Pasma

Stiens  (25)

It boekje oer Alde Sije, ‘Oerfal op de Hijumer Mieden’ is te bestellen op tillefoan nr. 0613783818.