Algemeen
Kollum: We'll meet again
Alhoewol ik hope hie dat der, nei myn april column, no wat bettere tiden oanbrutsen wêze soenen bin ik bang dat de minsken, dy der doel oer ha, gelyk krije en dat we noch in hiel skoft yn dizze frjemde tiid ferkeare moatte. Dus earst noch thús wurkje, gjin jierdeifeestjes, gjin tonieljûntsjes, net nei de sportskoallen ensafuorthinne. Al is der al wat feroare en meie de bern wer net de basisskoalle, mei der bûten wer sport wurde, op ôfstân fansels, mar wedstriden spylje en/of besykje? Fejit it mar!
Op de fraach werom dat net mei, sei ien fan dy "wize" mannen: 'Je kinne fansels net ferwachtsje dat by wedstriden yn in stadion de minsken net roppe en raze as der in doelpunt makke wurdt, mar sa kin men mekoar miskien wol besmette. Dus gjin wedstriden! Ek kin je net ferwachtsje dat der yn de sportskoallen net hyme wurdt, mei deselde gefolgen. Dus sportskoallen ticht! En je kinne gjin tsjerketsjinst hâlde sûnder dat de minsken sjonge en mekoar sa miskien oanstekke. Dus gjin tsjerketsjinsten!'
It is allegearre sa klear as in klûntsje, mar al kom ik net faak by wedstriden en net yn sportskoallen, namste faker kom ik yn tsjerke en dêr mei ik graach sjonge, mar soks kin no dus net. Spitich, want ik mis it, mar ik hoopje op bettere tiden, krekt as de Queen, dy lêst op de tillevyzje sei: "We 'll meet again!"
Sa as earder sein wienen der 75 jier ferlyn, yn de oarlochstiid, dingen dy net trochgean koenen. Dêrby wienen ek de eineksamens op skoallen. De learlingen dy goeie sifers hienen, krigen doe it diploma sa! Dat barde omdat der yn de lêste oarlochs jierren gjin brânstof wie om de klassen te ferwaarmjen en omdat der gjin ûnderwizers wienen om foar de klasse te stean. Dy wienen of ûnderdûkt of moasten wurkje yn Dútsklân.
Op de skoalle wêr ik op gie stie eartiids in leave en âlderaardichste juffrou foar de earste klasse en in hiele soad bern út dizze omjouwing ha de earste grûnbegjinsels foar skriuwen, rekkenjen en taal fan har mei krigen. Wy, myn man en ik, en sels ús âldste hat by dy juf yn de klasse sitten, dêrnei gie se mei pensjoen.
Sy wie altyd hiel meilibjend en op in kear frege sy myn oare helte, doe noch in jongfeint, hoe as it op skoalle gie. Hy siet doe in de lêste klasse fan de HBS en moast eineksamen dwaan.
Dy juf koe omraak beare en doe 't se dat hearde sei se: 'Oe jonge, moast der foar? En bist ek senuweftich? O, o, dat hie by my net goedkommen, want ik wie sa senuweftich! Gelokkich hoechde ik gjin eksamen te dwaan omdat alle skoallen, yn it lêst fan de oarloch, ticht wienen en om 't myn siferlist goed wie ha 'k it diploma fan de "Kweekskoalle" sa krigen!'
Ien fan de learlingen, dy no gjin eineksamen dwaan kin, is ús âldste pake- en beppesizzer. Neffens himsels sit it mei syn siferlist ek wol goed, dat wy libje op goeie hoop en sille de oare moanne, as de útslach komt, it wol sjen en hearre! Mar de skiednis werhellet him no, nei 75 jier, op dat mêd dus ek. It is net oars.
Wêr wy op it heden wol muoite mei ha en mei ús in soad oaren en dan foaral harren dy allinnich binne, want dat is hielendal begrutlik, dat is dat we ôfstân hâlde moatte fan ús bern en pake- en beppesizzers. Wy ha yn maaie noch al wat jierdeis en dat moat dan yn de tún. No ha we in skoftke moai waar hân en dan is dat gjin beswier, mar as it reint dat it eazet en ús dochter stiet mei har bern en in kado foar de glêzen skodoar, dan kin it net oars of se moatte der efkes yn. Gau ha we de bank en de stuollen in ein út mekoar set en romte makke. Sa koenen we op ôfstân doch efkes prate en by mekoar wêze, mar in hân, in tút, lit stean in krûpke, dat wie der dizze kear net by! En sa gie it op memmedei fansels ek.
Mar we hâlde hoop, want iens sil it better wurde! Ja doch?
En no komme my de wurden fan dat moaie ferske, dat Vera Lynn yn de oarloch song en wat de Keninginne fan Ingelân oan 'e ein fan har taspraak oanhelle, wer yn 't sin:
We 'll meet again,
Don 't know where,
Don 't know when,
But l know we 'll meet again some sunny day...
We hâlde hoop, dêrom graach oant sjen!
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
-
Vr 3 januari
-
Za 4 januari
-
Zo 5 januari
-
Ma 6 januari
-
Di 7 januari
-
Wo 8 januari