Algemeen
Kollum: Tresoar,
Doe’t Hotse Meines Bleeker op 22 september 1820 yn ’t Mar by it Hearrenfean berne wie, koe hy net witte dat yn 2020 in mantsje op ’e klaai wat mear oer him witte woe. Neffens Tresoar is Hotse Meines op 8 augustus 1856 troud mei Iemkje Jans Bruinewoud fan Bloksyl.
Hja krije fiif bern, wêrûnder ek Johannes Bleeker, de oerpake fan Geartsje. Mar as ik Hotse Meines Bleeker by Tresoar op ’e nij ynfolje, dan troud hy op 8 augustus 1856 yn Weststellingwerf net mei Iemkje Jans Bruinewoud, mar mei Ymkje de Jong út Stienwykerwâld. Bûten dat sy in oanfraach dien hawwe yn it kader fan ûnfermogen, om’t sy de trouwerij net betelje kinne, is der neat oer harren bekend. Mar wa is Ymkje de Jong. It komt hjir op del, Tresoar makket it der foar my sa net makliker op.
Ik hie wol faker fan immen heard dat sy wat op skrift setten oer harren foarâlders en hoe it der hinne lei doe’t sy jong wienen. It like my ek wol moai ta om soks te dwaan. In boekwurk foar ús bern, bernsbern en alles wat dêr wer efteroan komt. Mei help fan Tresoar bin ik sûnt in pear wiken dwaande om de foarâlders fan sawol my as dy fan Geartsje op papier te krijen. No moat ik der wol by sizze dat wy al in protte op papier stean hawwe, om’t oaren út ’e famylje dat al útsocht hawwe. En jo hoege it tsjil ek net twa kear út te finen, tinkt my. Mar ik moat tajaan, it is nijsgjirrich wurk. It is sels in bytsje ferslaavjend. Ik kin der oeren boppe op myn keamer mei dwaande wêze. It is soms al safier dat as ik ûnder kom, Geartsje en ik earst fûstkje. Meastal mei de fraach: “hie myn meibewenner miskien ferlet fan kofje?”
It komt hjir op del, Tresoar soarget noch wolris foar in spanninkje yn ús houlik.
Soms komme jo ek ferrassings tsjin. Sa blykt dat myn beppe Mettje vd Vliet, fan ús memmes kant, yn 1865 berne is yn in turfmakkerswente oan de Ald Dyk yn Terwispel. In wente dêr’t ik jierren bylâns fytst bin as ik nei skoalle gie en dy’t ein fyftiger jierren ôfbrutsen is. Ik haw nea witten dat beppe dêr berne wie, mar myn âldste broer koe my der mear oer fertelle. Hy kaam ek mei it ferhaal dat se ien fan beppe har broers brike Tjipke neamden om’t hy mank wie. Om’t syn heit turfmakker wie moast Tjipke ek mar mei de turflannen yn. Mar troch syn manke lea waard dat neat. No wol it ferhaal dat, om’t hy net geskikt wie as turfmakker en ek net oan ’t wiif rekke wie, hy by syn âldelju yn it efterhûs in kapperssaak begûn is. Sis mar de ZZPer fan 1890. Brike Tjipke hie, tink ik, mar ien stoel, in hântondeuze, in spegel, in kaam, in skjirre en in pear maten blompotten. Mear wie Tjipke ek net nedich. En om’t oan de hiele Ald Dyk sa’n fyftich, faak grutte, húshâldings wennen, wie der klandyzje genôch.
No’t ik op Tresoar dwaande bin om út te sykjen hoe’t dy famylje ynelkoar siet, kaam ik fuortdaliks al foar in ferrassing te stean. Want it docht bliken dat beppe Mettje wol twa kear in broer Tjipke hân hat. Ien yn 1860 en ien yn 1870. Mar spitigernôch binne se beide net âlder wurden dan twa jier. Mei oare wurden, der is gjin Tjipke kapper wurden. In oare broer dan? Nee, dy wie der net, allinne mar fjouwer froulju. It komt hjir op del, neffens Tresoar kin it ferhaal oer brike Tjipke net wier wêze.
Ek it oannimmen fan in famyljenamme, is foar sommige famyljes op Tresoar werom te finen. Fan Geartsje har heites kant wie it Ritske Harmens dy’t syn hiele húshâlding op 11desimber 1811 yn ienkear oanjûn hat. Ien fan syn bern hie in briefke makke foar Ritske dêr’t de nammen opstienen fan himsels, de njoggen bern en de fiif bernsbern, dy’t allegear de famyljenamme van der Woude ha woenen. Doe’t Ritske yn Aldeboarn by de amtner kaam, koe dy it samar oernimme. Doe’t de amtner dêr klear mei wie, sei hy tsjin Ritske: ”Lês it mar efkes rêstich troch. En as jo it der mei iens binne, kinne jo de hantekening der wol ûnder sette”. Ritske Harmens hat de saak rêstich, mei folle oandacht oereage. In skoftsje letter knikte hy nei de amtner, as teken dat it wol goed wie, en sette doe mei folle oertsjûging in krúske ûnder de akte. In krúske om’t Ritske, lyk as in protte yn dy tiid net lêze en skriuwe koenen. Mar fan doe ôf hjitte hy wol Ritske Harmens vd Woude.
It komt hjir op del, troch Tresoar kin it ferhaal oer Ritske Harmens vd Woude út 1811, as wier ferhaal yn 2020 op papier komme.
No sit ik allinne noch mei Ymkje de Jong.
It komt hjir op del, as Tresoar net gau in oplossing hat, kin it noch wolris in lange jûn wurde.
www.henkiefandepolderdyk.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december