Algemeen

Ek dit jier komt Sinteklaas wer by ús op de Pim Mulierwei. Sa as al safolle jierren dêrfoar. Troch koroana moast er ek alris ferstek gean litte. En ienkear kaam er op 17 febrewaris. Doe hie elk it sa drok, dat it mar útsteld en útsteld waard...Wy ha der doe ek mar Sint Piter fan makke. Wy wenje úteinlik simmerdeis ek meast yn Grou, en boppedat komt ús heit syn famylje dêr foar in part wei.

Dit jier is alles “gewoan”. Sneon 3 desimber, en elkenien kin! De skoansoan, dy’t op 5 desimber jierdei is, ek bliid. 

Dit jier hie ik it ris oan tiid. In wike lyn al, stie myn surprise ynpakt en wol klear. Gedichten ha ik net safolle muoite mei, dus dat wie ek gau oan de kant. Nico betocht ek in fantastyske surprise foar de skoandochter, dy’t it ûnderwiis yn giet: in “koek skoalle”, in soarte fan “koek húske” dus. Prachtich is it wurden, ek hy hat dêr no tiid foar!

No moast der foar sneon noch wol wat oanpast wurde mei tiden, want wy soene it middeis fiere, en dan mei elkoar ite. It wurdt no fuotbaljen sjen, ite en dan Sinteklaas fiere. De jongste kin dan wol op bêd, want dy hat noch gjin benul fan Sinteklaas. As se in plaatsje fan him sjocht, ropt se steefêst: “kabouter”. Kabouters binne op it stuit de favoryt, foaral dy spillebeen dy’t sit te wippen...Dat mei beppe skoften achter elkoar sjonge. Sinteklazeferskes binne net oan har besteed.

Om my hinne hear ik hieltyd faker, dat Sinteklaas net mear fierd wurdt. Te folle gedoch, de bern fiere it thús ek al. Gjin tiid fine kinne.

Ik snap it ek wol. Wy hawwe fjouwer bern mei oanhang en twa bernsbern. Dus dat is frij oersichtelik. De âldste beppesizzer is âld genôch om mei te dwaan oan it lotsje lûken, it surprise meitsjen en it keapjen fan kadootsjes. It gedicht meitsjen lit er oan syn mem oer...Mar der binne mear dy’t dat útbesteedzje. Wy hawwe no in systeem, dat wy net it lotsje fan ús partner lûke kinne.

Earder wie dat oars, en sa hat Nico my ienkear lutsen. Doe moast er himsels hielendal rêde, ek mei it gedicht. Wat er dus gewoanwei oan my oer lit….Ik ha selden sa lake as dy kear. It gedicht wie yn sân hasten skreaun op in briefke mei in bestelling út de bakkerij. 

De surprise wie in koperen kroanluchter, dy’t er út de garaazje fiske hie, en dêr’t ik al skoften mei oan it poetsen wie. Ik wie doe ferskriklik ferkâlden, mar dy Sinteklaas bin ik nea wer fergetten...De kroanluchter leit trouwens noch altyd yn de doaze yn de garaazje…

Sa binne der oantinkens oan al dy Sinteklaasfeesten, dy’t wy yn de rin fan de jierren fierd ha. Earst noch mei myn heit en mem der by, myn twa frijgeselle broers en Nico syn mem. Letter kamen der freontsjes by fan de dochters, sommige kamen mar ien kear, mar oaren bleaunen. In jier as wat lyn kaam de soan mei syn freondinne, en lokkich is dat ek in bliuwerke!

It is allegearre feroare, heit en mem en skoanmem binne der net mear. Myn broers binne ek al lang ôfheakke, dy komme mei de krystdagen. Hawwe net safolle ferlet fan gedichten meitsje en surprises. Mar wat foar my bliuwt, is it feest, it Sinteklazefeest. Fansels is der net mear dy spanning fan ear-der, doe’t ik in bern wie. Mar ik besykje dochs de magy fan Sinteklaas noch wat te finen.

Ik besykje dy spanning wat op te bouwen. Kadootsjes ynpakke, kadootsjes sels meitsje. In surprise úttinke. Dan wer telle: elk moat wol ûngefear like folle krije. Wy sitte ek fêst oan in bedrach, en dêr is men gau oer hinne. Ek no bin ik yn de holle noch dwaande mei dingen: dochs noch even nei it doarp om dit of dat te heljen…

Elk jier is it fansels de fraach wa’t wa hat. Troch it “útbesteedzjen” fan de gedichten, is dat soms net fuort en daliks dúdlik. En fan te foaren wurde der al pakjes apart set, om’t se sa gau stikken binne. Komt dat hiel út de doaze? It soe spitich wêze, as it skoaltsje dat Nico makke hat, yn brokken foar it ljocht komt. Sa sitte wy elk jier by elkoar. 

Elk mei syn eigen foarpretsje. 

Want dat is soms noch it allermoaiste! 

Jimme snappe it wol, Sinteklaas litte wy net foarby gean!

 

Aeltsje de Groot