Algemeen

Kollum: Simmer 1934

Kollum skreaun troch Aeltsje de Groot fan Echte Bakker Nico & Aeltsje út Stiens

Fan ‘e wike krigen wy in moai en ûnferwachte kadootsje: ynbûne útjeften fan “Het bakkersbedrijf”, in fakblêd út de tritiger jierren fan de foarige ieu. Hearlik om it troch te blêderjen. Resepten, it ynrjochtsjen fan etalages, fakwedstriden, it belang fan in goede “winkeljuffer”,  alles komt foarby.

En sa fûn ik ek in stik, wat yn de maitiid fan 1934 skrean is.

“Nu het warme jaargetijde wederom nadert, komen ook de plannen voor vacantie. Voor velen betekent dat een kortere of langere tijd van ontspanning. De tegenwoordige tijdsomstandigheden hebben hier ook verandering in gebracht. Waar vroeger menigeen zich de weelde kon veroorloven eens een flinke reis te maken, moet dit nu beperkt worden tot een minder kostbare ontspanning.  Wordt zooveel mogelijk meegenomen.We zien weer het verschijnsel der “dagjesmenschen”, die per auto, fiets of te voet er op uittrekken, voorzien van de noodige mondvoorraad en versnaperingen. De bakker kan hier ook zijn aandeel in hebben, door voor het noodige te zorgen.” Hjirnei wurde dan suggesjes dien, fan pakketsjes dy’t gearstald wurde kinne. Wat my ek opfoel: “een voorbeeld hiervan zijn de lunchpakketten, die aan de groote stations worden verkocht.”

Ik ha it wolris earder skreaun: it tsjil is blykber al lang útfûn. 86 jier lyn wie it ek krisis. Doe wie it in finansjele, mar de gefolgen wiene net folle oars as yn de koronakrisis: gjin grutte reizen nei it bûtelân, net mear yn in djoer hotel. Der op út yn eigen lân, mei in kuorke mei lekkers foar ûnderweis. En ik moat no stikem ek wol even laitsje, as ik tink oan al dy minsken, dy’t no ynienen sa “kreatyf” binne. Om’t der oplossingen betocht wurde, om it libben dochs sa “normaal” mooglik trochgean te litten. In hiele protte fan dizze kreative betinksels binne al folle earder útfûn, wierskynlik al ieuen lang. Want elke kear as de minske foar in krisis komt te stean, wurdt er kreatyf. Ek persoanlike krisissen meitsje dat der plak komt foar wat nijs, wat oars, dea ienfâldich om’t it net oars kin. Net, dat dat fuort en daliks yn wurking set wurdt. Earst is men faak kompleet lam slein, ta neat yn steat. Mar in minske wol oerlibje, en betiid of let wurdt dat oerlevingsmechanisme yn wurking set. En troch dy beweging komme ek oare dingen wer op gong. 

Fansels ha wy no oare mooglikheden as goed 80 jier lyn. De digitale wrâld fan no wie doe noch fier fuort.. En yn dy krisis wie kontakt tichtby net ferbean, dus thúswurkje wie ek net oan de oarder. Al kamen doe ek in protte minsken thús te sitten, om’t se domwei gjin wurk mear hiene...

Yn dizze koronatiid krije wy hieltyd wer it advys fan “deskundige partijen”: meitsje pakketsjes. Soargje dat der wat kant en klear stiet foar jim klanten. Stjoer pakketsjes op foar en oan jim klanten. Meitsje it elkenien sa maklik mooglik. 

No, 86 jier lyn wie it advys net oars! En dat men doe by de statjons ek al in “to go” hie, wie alhiel nij foar my!

It is dochs prachtich, dat sa’n âld boek ynsicht jout yn it dwaan en litten fan it minskdom. Dat it sjen lit, dat ús pakes en beppes krekt sa fernuftich wiene yn it betinken fan oplossings. It lit ús wer even sjen, dat wy ús no absolút net op it boarst hoege te slaan. De minske is elke krisis altyd wer te boppen kommen. Dat bart no, en dat barde earder.

Dizze kear in resept fan in feganistyske sandwich, ek hearlik foar ûndeweis fansels!

Ingrediënten:

6 stikjes bôle

1 advokado

1 krop ijsberchsla

1 grutte tomaat

2 puntpaprika’s

2 ytl. “becel olie blend”

1 tl basilikum

sitroensap

Snij de advokado en tomaat yn plakken. Doch wat sitroensap oer de advokado. Ming yn in bakje de oalje en de basilikum. Bestryk de puntpaprika’s mei de krûde-oalje. Set in grillpanne op it fjoer en grill de puntpaprika’s sa’n 5 menuten. Geregeld omdraaie. Snij de paprika dêrnei yn stikken. Meitsje ek it krûdemingsel: snij alle krûden fijn en ming de krûden mei de útperse knoflook en de bûter yn in bakje. Smar in (roastere) stikje bôle mei it krûdemingsel. Ferdiel hjir sla en tomaat oer hinne. Dan wer bôle mei it krûdemingsel. Ferdiel hjir de grilde paprika en advokado oer. Ofmeitsje mei in snufke piper. As lêste noch in stikje bôle der boppe op.