Algemeen

Kollum: Lyts wurdt wer hip

Wy ha de tiid, dat alles grutter en grutter moast, blykber wer achter ús litten. Ik lies fan ‘e wike yn in tydskrift, dat wy ôf moatte fan it “gigantisme”. In ferskynsel dat by minsken foarkomt, letterlik, as se in groeistoarnis hawwe, en dus langer wurde as winsklik is. Mar it kin ek yn it bedriuwslibben foarkomme. Bedriuwen dy’t fusearje, bedriuwen, dy’t miene dêr-troch effisjenter wurkje te kinnen, en foaral ek tinke, dat se mear macht krije. Mar fansels sjogge wy it ek yn it ûnderwiis. Grutte learfabriken, wert learlingen allinne noch mar in nûmer binne. En wat te tinken fan de weryndieling, gemeenten dy’t grutter wurde...

Gigantisme dus. It sit dochs wol wat yn de minske, om altyd mar grutter te wollen, altyd mar mear hawwe te wollen. Doe’t wy 35 jier lyn begongen, woene wy ek grutter. Dreamden wy yn it begjin ek fan in bedriuw mei in stik as wat filialen. En fansels is it ek belangryk om as begjinnende ûndernimmer in drive te hawwen. Der moat wat opboud. Der moat foarút-gong wêze. It moat grutter wurde. Wy kamen der al ridlik gau achter, dat in oantal filalen net ús ding wie (en is). Ien winkel is genôch. Dêr alle siel en salichheid ynstekke, wie foar ús it doel. Om ús hinne seagen wy grutte bakkers hieltyd grutter wurden, en lytse bakkers seagen wy ferdwinen, opslokt troch de grutte bakkers. Of fan it toniel ferdwûn troch de supermarkten. Want ek dy spylje fansels net swak by yn it ferhaal fan hieltyd mar grutter en mear.

Doe’t wy de bakkerij yn Winsum ferruilen foar de bakkerij yn Stiens, wie dat foar ús al in grutte stap. Fan in lyts doarpswinkeltsje, nei in flinke bakkerij, mei dochs wol redelik wat personiel. Spyt ha wy der nea fan hân. Mar it wie foar ús wol de grins fan wat wy woene en koene. No komt der wer in kentering nei’t it liket. Men beseft, dat grut, grutter, grutst net altyd it paad is, dat liedt ta de bêste resultaten. Grutte supermarkten soargje net foar mear wurkgelegenheid, mar krekt foar minder, om’t de lytse, lokale winkels it net mear bolwurkje kinne. Bern op lytse skoallen, dy’t in namme ha, en gjin nûmer binne, dogge it better as bern op grutte learfabriken. En binne dêrneist ek noch lokkiger. En dat jildt foar alles en elkenien. Grut soarget foar anonimiteit, foar net sjoen wurde. Lyts is persoanlik, lyts stiet foar oandacht en belangstelling. En úteinlik giet it dêr om. Dat it wat nijs is, kin ik no ek net sizze. As men in bytsje neitinkt, dan kin elk dit wol betinke. En dat it “gigantisme” dan no ek wer ôfsward wurdt, it is net oars as dy golfbeweging, dêr’t ik it earder ek wol oer hân ha. Neat nijs ûnder de sinne dus. Mar ik bin der wol bliid mei. Want it jout ús, de lytse middenstander, wer nije kânsen. Wy ha altyd leaud yn it lytse, yn de lytse winkel, it lytse bedriuw. Om ús hinne seagen wy, dat in protte der net mear yn leauwden. Wy binne der noch, misskien krekt wol, om’t wy ússels trou bleaun binne, en ús ideeën. En no komt der wer in tiid, dat lyts “hip” is. Dus opnij alle kânsen, om ússels en ús bedriuw op de kaart te setten. Om sjen te litten, dat it wol persoanlik wêze kin, om sjen te litten, dat elke klant sjoen wurdt, en telt. Om sjen te litten, dat wy maatwurk meitsje kinne, krekt omdat wy lyts binne. De lytse winkels binne foar in grut part ferdwûn. Mar ik leau yn in takomst foar dy lytse winkels, dy’t oerlibbe ha, en no mei alle lef dy’t se hawwe it nije “lytswêzen” omearmje.

As resept ek in “lyts”, dus simpel resept fan in sitroentaart. Net allinne lekker by de kofje, mar ek as neigesetsje(dessert).

Ingrediënten:
4 aaien
75 g bloem
230 g fijne kristalsûker
125 g raande bûter
raspe skyl fan 2 sitroenen
1  l sitroensap
3 dl (slank)rjemme

Ferwaarmje de oven op 180˚C. Smar in springfoarm fan 20 sm tin yn mei bûter. Klopje de aaien los yn in kom en doch de bloem der by, wylst der trochkloppe wurdt. De sûker, bûter, sitroensap en –skyl, de rjemme en in snufke sâlt der by dwaan en alles goed troch elkoar klopje. It mingsel yn de foarm dwaan en yn 40-45 menuten ljochtbrún bakke. 20 menuten ôfkuolje litte, dan der ring der ôfhelje. Ofmeitsje mei poeiersûker en slachrjemme.  

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.   

Zie ook de advertentie op pagina 2 van de Stienser.