Algemeen

“Soe it net ris tiid wurde datsto wat oan dyn kondysje dochst”, sei Gearstje tsjin my, doe’t ik dwaande wie om hymjend de sokken oan te lûken. “Begjin earst mar mei wat kilo’s kwyt te reitsjen”, kaam der efteroan. 

No hie ik dat in jier as fyftjin ferlyn ek al ris heard, mar dat wie yn it kader fan hoe it nije jier te begjinnen. Safier binne wy no noch net, mar as jo dat faker oanhearre is it ein oant 31 desimber noch lang. Ik wit it, ik mei graach lekker ite en it snaaien is my ek net ûnbekend. Fytste ik foarhinne noch wol gauris, hjoed de dei kom ik amper op de fyts en as ik al fyts, is it mei ‘ondersteuning’, sa’t it tsjintwurdich hjit. Dus dat smyt ek gjin soaden oan de dyk. En om alle jûnen in rûntsje Britsum te rinnen laket my ek net oan. 

Mar 15 jier ferlyn bin ik der yn slagge om fan myn gewicht fan trije sifers nei in gewicht fan twa sifers te gean. Ik fielde my der doe ek better by en koe ek folle flotter de sokken oanlûke. No bin ik wol sa’n ien dy’t gau klear is om soks fuortdaliks oan te pakken. Krektlyk as ik dat ek mei myn smoken dien ha. Doe’t der in program op ’e tillefysje wie oer longkanker sei Geartsje dat it foar my ek net ferkeard wie om der mei op te hâlden. Haw ik ek fuortdaliks dien. It slûfke sjek hat noch wol in wike as trije op’e tafel lein, mar haw der nea wer oan sitten. It healfolle slûfke Jacobs swiere sjek haw ik bewarre. Hoe lang it lyn is wit ik net, mar it koste ƒ5,45 en der stean noch gjin frjemde spreuken op it slûfke. Hjoed de dei kostet in pakje sjek Ä 15,40. Omrekkene is dat ƒ 33,88. Dat is mear as wy yn 1970 yn ’e moanne oan hier betellen foar ús hûs  yn de Juckemastrjitte. No moat ik wol tajaan dat it mei it gewicht yn stân hâlden en it smoken net hielendal slagge is, want in jier as wat ferlyn bin ik wer begûn te snaaien en haw ik ek mar wer is in sigaarke opstutsen. En ik kin jo wol fertelle dat it lekker is as ik oan it paffen bin en de sigareloft troch de noas opsnúf. Ik wit it, it is net sûn en ik sil ek net ien oanriede om der mei te begjinnen. Mar lit my sa no en dan in sigaarke opstekke. Thús, want bûten jo eigen hiem is der net folle plak mear om te smoken. 

No sit ik mei myn oergewicht en bin fuortdaliks nei Wieger gien en him frege as ik wol by him sporte mocht om yn in pear moanne goed 10 kilo kwyt te reitsjen. Hy hat my efkes frjemd oansjoen mei in blik fan ‘stekje los?’ “Dat slagget net allinne mei sporten”, sei Wieger, “dan moat der ek noch wat oars barre. It ytpatroan sil ek wol wat oanpast wurde moatte” 

It kaam hjir op del dat ik in pear dagen letter by in diëtiste siet. 

Mei har haw ik in oere sitten te praten oer wat ik wol en foaral net ite moast om kilo’s kwyt te reitsjen. Sy hat fan my de frije hân krigen om in program op te stellen, dêr’t ik my oan hâlde sil. Mar ik haw har wol ferteld dat sy net oan myn jonge slokjes en myn sigaarke komme moast. Dy moast sy mar yn it program ferwurkje. Doe’t ús petear ôfrûn wie bin ik op de weachskaal klommen en wie de reaksje fan de diëtiste, dat ik myn streven wol net foar ien jannewaris helje soe. Hjirby tinkend oan de Krystdagen en de oaljekoeken mei âld en nij yn it foarútsjoch. 

In pear dagen letter krige ik it program oer de e-mail. Wylst ik dat lêsde, koe ik it my net foarstelle dat ik it dêr in dei op folhâlde moast. En dan net ien dei, mar oant it juste gewicht op de skaal stie. Dat wol sizze fan it trije nei it twa sifers getal.

Begjin novimber bin ik mei myn program úteinset en ik moat sizze, it rint as’t spoar. De kilo’s fleane der ôf. Tuskentiids haw ik ek noch in nije “eethoek” krigen, wat ek helpt om’t dy earst ynkôge wurde moat. Foar de Krystdagen noch mar ynvestearje yn in pear nije broeken om’t de oaren my om de kont flodderje en in besite oan de kapster bringe. 

Dan bin ik yn alle gefallen klear foar it nije jier en falt der, bûten de sûnens, op 31 desimber net folle mear te winskjen. 

Lit it nije jier mar komme.

hfdp@kpnmail.nl