Algemeen
Kollum: In frjemde tiid
Wat libje wy op 't heden yn in frjemde tiid! Men moat oardel meter ôfstân hâlde fan mekoar, sa folle mooglik thús bliuwe, net nei it wurk, net in jûntsje út, net sporte, net nei tsjerke en gean sa mar troch. Wy soenen dit jier wer nei de Matthäus-Passion mar dy gie, krekt as in soad oare dingen, net troch! Op 8 april 1870 wie it masterwurk fan Bach foar de earste kear yn Nederlân te hearren. Nei 75 jier, yn it lêst fan 'e oarloch, gie er net troch en no, wer 75 jier letter, ek net!
Dy oarloch wie in bange tiid en al ha ik him sels net mei makke, je ha dêr wol oer heard fan heit en mem of pake en beppe en út dy ferhalen wisten je dat it in ûnfrije tiid wie.
Op 4 maaie betinke we de deaden út de twadde wrâldoarloch en in dei letter fiere we de befrijing! Mar ek dat giet no oars as gewoanwei. De kening en keninginne sille mei noch trije oaren op 'De Dam' in betinking hâlde. Hoe dat fierder regele wurde sil is my net alhiel dúdlik, mar de flage giet hjir beide dagen, ien kear healstok en ien kear gewoan, seker út! Want it is goed om dy tiid te betinken. Je moatte dy ferskriklike tiid, dat de besetter hjir de tsjinst útmakke en je net frij wienen om te gean en te stean wêr je sels woenen, beslist nea ferjitte!
Je moasten doe yn it tsjuster binnen bliuwe en alles goed fertsjusterje. Skoanheit, dy op in jûn op syn fyts nei in fergadering west hie, rekke yn it roettsjuster by de dyk del en ried in grêft yn. Freonen fan ús wennen eartiids op de romte en dy seinen wol: 'Tink der om, it fjild hat eagen!' Dat betsjutte dat der oeral en altyd minsken wienen dy 't je seagen. Dat wie doe sa mar ek no noch. Fansels is soks, as je gjin kwea yn it sin ha, net slim mar doe koe je dat it libben kostje! Foar skoanheit pakte it gelokkich goed út, want hy hearde ien sizzen: ' Fâlt dêr ien yn it wetter?'
Dy man hat him en syn fyts wer op it drûge holpen en sa is hy doe, mei allinnich in wiet pak klean, wer sûn en wol thús kommen. Omdat skoanheit slachter wie en fan de Dútskers fleis ferdiele moast mocht er syn fyts hiel lang hâlde. Mar letter doe 't se alles en elk brûke koenen hat er dy fyts alhiel út mekoar helle en hjir en dêr de ûnderdielen yn 'e hûs en yn de slachterij ferstoppe, sa hat dy fyts de oarloch oerlibbe. Skoanheit sels gelokkich ek, al hat er noch al efkes ûnderdûkt sitten yn syn eigen hûs.
Sels myn heit, dy hiel min seach en hearde en dy se eins doch net brûke koenen, hat yn dy tiid noch in pear nachten foar de kij sliept! Ja, it wie in rare, eangstige tiid en net mei no te fergelykjen! Mar doch binne wy no ek net frij en we moatte goed yn gedachten hâlde wat it bêste is, om sa te foarkommen dat we sels siik wurde en/of oaren siik meitsjen. As je hearre hoe siik de minsken wurde fan it Coronafirus en hoefolle der oan stjerre dan hoecht men net lang nei te tinken oer wat je dwaan en litte sille, mar dogge wat je oanret wurdt!
Krekt hearden wy dat keningsdei him dit jier ôfspylje sil op de tillevyzje mei bylden fan eardere keningsdagen. Bêst genôch, mar as it moai waar is tink ik net dat we de hiele dei yn 'e hûs sitte, mar nei de feart gean te fiskjen! Dat meie wy graach dwaan en it is op 't heden ús ienigste útsje.
Fan de bern meie wy net om boadskip, dat dogge sy no foar ús. Sa no en dan komt der in berichtsje: 'Ik gean nei de winkel, ha jim ek earne ferlet fan?' As dat sa is dan wurdt dat op de app set. Wol kin it foarkomme dat in skoftke letter de tillefoan giet en der frege wurdt welke soart jirpels we ha moatte, want dat witte sy net en yn 'e winkel witte se dat ek net! Letter wurdt bûtendoar it spul ôflevere, se komme net yn 'e hús, ek net om ôf te rekkenjen, dat moat oer de bank!
Noch efkes oer it ferline, want dat mei dy boadskippen wie eartiids al oars. De winkelfrou fan Hijum wist wol wat wy altyd brûkten en as ús bern dan mei in bryfke nei de winkel wienen kamen se gewoan mei it goede thús! Spitich genôch is se sond in pear wike net mear ûnder ús. En dan komt dizze frjemde tiid wer nei foarren, want wy koenen net ôfskie fan har nimme en net nei har begraffenis. De neiste famylje rûn efter har kiste troch Hijum en hjir en dêr stienen minsken by de dyk om har sa de lêste ear te bewiizgjen.
As wy de lju, dy der ferstân fan ha, leauwe meie dan kin dizze sykte en dizze tiid fan malêze noch wol in hiel skoft oanhâlde, al hoopje ik dat wy der mar gau fan ôf binne. En dat we hjir, krekt as 75 jier ferlyn, it gewoane libben wer oppakke kinne, wer dwaan en litte kinne wat we sels wolle, net mear bang foar it Coronafirus hoege te wêzen en dizze frjemde tiid foargoed efter ús litte kinne!
Etie Pasma
Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
-
Vr 3 januari
-
Za 4 januari
-
Zo 5 januari
-
Ma 6 januari
-
Di 7 januari
-
Wo 8 januari