Algemeen
Kollum: In fantastysk berop
Ik ha gjin idee, wat ik boppe dizze kollum sette sil. Want eins wit ik noch hielendal net wer’t dit ferhaal hinne giet. Al twa kear achter elkoar gong it oer de “maitiid”, dus dat dogge wy no mar ris even net. Miskien moat it wol “in fantastysk berop” wurde. Want dêr siet ik niis oer nei te tinken.
De middelste dochter belle niis. Dit wykein komme se einlinks wer ris even thús. Dus dat is wol wer hiel fijn. Mar wy hiene it oer it wurk. Myn wurk, har wurk. Beide wurkje wy yn in winkel. Sy yn in hiele grutte, ik fansels yn in lytse. Mar beide ha wy mei minsken te krijen. No komme de minsken by Ikea om in hiele oare reden yn de winkel, dan as se nei de bakker gean. Dus it is appels mei parren fergelykje. Mar ik besefte doe wer, hoe fijn as it is, om no krekt dy lytse bakkerswinkel te hawwen. It is oersichtlik. Der meie mar trije minsken tagelyk yn de winkel. Hast elkenien hâldt him of har netsjes oan de regels. Troch de toanbank is der automatysk in ôfstân. Yn in grutte winkel moat der folle mear dien wurde, om bygelyks de ôfstân te bewarjen. Fuort de earste dei, dat Ikea wer iepen wie, wie it drok. Minsken kamen (te )tichtby. Net fijn foar it personiel. Dus kamen der pealtsjes mei kettinkjes, sadat der ôfstân bliuwt. Yn ús lytse winkel bliuwt der persoanlik kontakt, elke klant docht der ta. Dat sil by Ikea ek sa wêze, mar de klant komt dêr mei in oare ynstek. Wy kinne it grutste part fan ús klanten, en dat is dêr meastal net sa.
En sa kom ik dan op it “fantastyske berop”, dat wy hawwe. Want wy kinne wat foar ús klanten betsjutte. Ek, en foaral, yn dizze tiid. Wy witte, dat der klanten binne, dy’t no net nei ús ta komme kinne of meie. Dus kinne wy dêr hinne, om de boadskippen te bringen. Wy witte, dat men krekt yn dizze tiid de behoefte hat, om wat foar in oar te betsjutten. Wy wolle dêr yn meitinke. Wat kinne wy foar de klanten klearmeitsje, klearsette, om wei te jaan oan immen dy’t der ferlet fan hat? Wy wolle it maklik meitsje. In kant en klear “opkikkerpakket”. Mei memmedei de taskes. Dingen, dy’t in oar bliid meitsje. Dat makket, dat ik myn wurk opnij mei nije eagen besjoch. Dat ik wer besef, dat wy oaren helpe kinne, om troch dizze krisis te kommen. Fansels, ik tink ek saaklik. Mar ien kear yn de wike in “opkikker” wei jaan, fielt ek goed. En sa binne der wol mear dingen, dy’t no sa mar even foar neat dien wurde. Omdat it kin. Omdat wy ús winkel gewoan iepen hâlde kinne, en der wêze meie foar elkenien. Hieltyd mear besef ik, hoe befoarrjochte wy binne. Wy binne net twongen ticht west. Wy ha al dizze wiken ús wurk dwaan kinnen. Wy ha sels mear dwaan kinnen. Wy meie meitinke, om de wrâld foar elkenien wer wat fleuriger en better te krijen. It wie even wennen, mar no kinne wy fol goede moed en posityf foarút sjen. Der komme nije kânsen. Alles is oars, mar wy kinne as lokale middenstaners dêr in positive bydrage oan leverje. Wy kenne ús klanten, Wy witte wat ús klanten nedich hawwe. Wy wolle en kinne meitinke as der problemen binne. Dat jildt foar ús winkel. Mar dat jildt foar alle lokale winkels yn ús doarp. Elkenien stiet op dit moment klear foar syn of har klant. Want elkenien wol graach dat bytsje ekstra’s jaan, wert wy sa’n ferlet fan hawwe.
Resept: sûkelarje-appelkoekjes. Lekker om sels te iten, mar ek fijn om wei te jaan!
Ingrediënten:
250 gr. bloem (seve)
1 teel. bakpoeier
30 gr. poeiersûker
2 aaien
100 gr. pure sûkelarje, raand
100 gr. sachte bûter
1 raspe appel
Ried de bloem, it bakpoeier en de poeiersûker troch elkoar.Ming yn in oare kom de aaien mei de sûkelarje en de bûter.Doch de ynhâld fan beide kommen by elkoar en doch de raspe appel der by. Kneed it goed troch, oant it in deech is, dat net mear plakt. Dek it ôf en lit it 10 menuten yn de koelkast stean. Ferwaarmje de oven foar op 180°C. Rôlje it deech út oant in lape fan sa’n 3 millimeter dikte. Stek der koekjes út en lis se op in mei bakpapier beklaaide bakplaat. Bak de koekjes yn in kertierke gear.
Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.
Zie ook de advertentie op pagina 2 van de Stienser
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december