Algemeen

Kollum: Hurde wyn, snie en izel,

Fan it begjin ôf fan dizze winter sitte wy op in echt winterke te wachtsjen. It leafst in winter mei moai iis, sadat men wer yn de bûtenloft ride koe. De iisbanen wienen foar dat de earste nachtfroast komme soe al ûnder wetter setten en no wurde se wer leechpompt sûnder dat we in knappe nachtfroast hân ha.

Dat hat ek wolris oars west. Myn tinzen gienen efkes werom nei de tiid dat ik yn Stiens oan it wurk kaam. In tiid dat it der yn Stiens hiel oars útseach dan no. It is sa’n spultsje dat allinne de grutte tsjerke en de iisbaan noch yn harren âlde steat op harren âlde plak stean en lizze.

Want ien febrewaris wie it presiis fyftich jier lyn dat ik yn Stiens oan it wurk gie. Ien febrewaris 1970, ik sil it nea wer ferjitte. 

Doe’t ik moarns betiid yn Terwispel ta it sliepkeamersrút útseach, waard it nocht om de dyk út te gean der net better op. Mar om fuortdaliks al de earste dei net op it wurk te ferskinen, dat kaam myn ear ek wer tenei. Yn desimber hie ik my yn Stiens besteld by de firma Tacoma en fan myn baas, dêr’t ik doe wurke, hoegde ik it “opzegtermijn” ek net fol te meitsjen en koe dêrom ien febrewaris wol begjinne. Foar my in nije útdaging yn in plak dêr’t ik foarhinne noch nea west hie. Us territoarium gie net fierder dan Ljouwert, en dat wie dan ek by útsûndering. No wie it dan safier, foar it earst yn de auto nei Stiens nei myn nije wurk yn it âlde spoarstasjon. Gewoanwei in tripke fan sa’n trije kertier. It koe doe noch wat mear lije, want der wie noch gjin limyt fan tachtich en hûnderttweintich kilometer. 

Om’t Hans de Jong net mei sok moai waar op ’e lappen kaam, hie ik de wekker mar in oere earder setten. Mar goed ek, want it wie kleare winter, hurde wyn, snie en izel. Allinne al it rútskrabjen wie in hiele toer. Sa gau de skrabber der oerhinne west hie, kaam der fuortdaliks wer in laach izel op it rút. Mei de kachel fan de Fiat 850 op syn fûlst slagge it yn alle gefallen om de ruten skjin te krijen. Elektryske efterrút- en spegelferwaarming dreamde men doe allinne noch mar fan. Goed healwei seizen bin ik yn de auto stapt en koe ik op wei nei Stiens, foar myn earste wurkdei. Om’t myn eigen autootsje, in Fiat 600 mei iepenslaande doar nei efteren, noch net klear wie mocht ik in pear dagen de sa goed as nije Fiat 850 brûke fan minsken dy’t letter myn skoanfolk wurde soenen. In Fiat 850, mei de motor efteryn. Doe noch net mei in sekje sân foaryn dat, foaral doe, mear as nedich west hie. Op it sintelpaad by ús foarhûs gie it noch, mar doe’t ik yn Terwispel op ’e klinkertdyk kaam wie it stapfoets. Ik hie ien ding foar, der wienen hast gjin auto’s op ’e dyk. Sa stadichoan bin ik by Akkrum kaam om dêr de, doe noch twabaans, sneldyk op te gean. Underweis wie ik al in pear auto’s tsjinkaam dy’t mei de snút boppe de sleat hongen. Ek in CAF-buske koe net oer de glêdens en lei by Boarn op ’e side op it fytspaad. Fan Akkrum nei Ljouwert wie it te dwaan, nettsjinsteande de izel dy’t noch hieltyd nei ûnderen kaam. 

Yn Ljouwert waard it wer minder en kaam ik sommige auto’s tsjin mei ien efter it stjoer en twa oan it drukken. Foaral by it opgean fan it Stephensonfiadukt wie ik bliid dat in pear jongknapen efkes de hannen opwaarmje woenen efter op de motorkap fan de Fiat 850 en ik sadwaande boppe kaam en mei it klamme swit yn ’e hannen oan de oare kant wêr nei ûnderen moast. En ik der mar oer yn sitte dat der mar neat mei de auto barre soe, net wittende dat myn oansteande skoanheit de deis der foar noch mar gau in all-riskfersekering ôfsluten hie by de FBTO. 

Nei in autorit fan in lyts fyftich kilometer yn sa’n twa en in heal oere, stapte ik om goed acht oere yn Stiens it âlde spoarstasjon yn en sei: “Goemoarn, hjir bin ik”. Elkenien seach ferheard op. 

It earste wat ik te hearren krige wie: “Wat dochsto hjir, wat moasto mei dit waar op ’e dyk. Wie thúsbleaun”. 

Net sa’n hertlike ûntfangst foar immen dy’t foar de earste kear by syn nije baas kaam, en alle war dien hie om mar net fuortdaliks it de earste dei ôf witte te litten. Dochs wie ik wol in bytsje grutsk op mysels, foaral om’t de auto ek noch hiel bleaun wie. 

Ien febrewaris 1970, fyftich jier lyn. Ik ferjit it nea wer.

www.henkiefandepolderdyk.nl