Algemeen

Us heit en mem wienen beide fan 1906. Dat wol yn dit gefal sizze, sy hawwe yn harren jonge jierren de earste wrâld-oarloch sydlings meimakke, en hawwe de Spaanske gryp oerlibbe. 

At se by harren thús ek oan it hamsterjen west ha, leau ik net. Us heit en mem komme beide fan de romte, út famyljes fan boeren en turfgravers. Sy sille yn de krisistiid fan 14-18 wat iten oanbelanget wol neat tekoart kaam wêze, om’t folk fan de romte wol gauris wat oars yn ’e panne hienen dan in stikje fan ’e baarch. 

Us heit en mem binne yn 1933 troud, midden yn’e krisis fan de tritiger jierren. Al hoe min dy tiid ek wie, hja binne tegearre de striid oangien en mei in pear kij en wat jongfee úteinset. Nei wat tsjinslach yn it begjin, hat him dat al rillegau útwreide. En bûtendat wienen se ek net te beroerd om in hantaast by in oar te dwaan. Mar doe kaam de oarloch. Sommigen wienen der sa’n bytsje fan út gien dat wy dizze kear ek oan de sydline stean koenen, mar dat foel tsjin. Fiif jier hawwe ús âldelju harren rêde moatten fan wat foaral de natuer harren joech. Hja hawwe gjin honger meimakke, om’t it iten by harren op stal stie as op it lân woeks. Kjeld ek net, om’t ús heit der sels foar soarge dat de turfbult foar de winter wer grut genôch wie. 

Hamsterje wie der net by. Ek gjin wc papier, foar safier dat it der doe bestie. Dat wienen hja net went. Hja moasten der allinne foar soargje dat der gjin Hepkema’s fergriemd waarden, om’t dy yn stikjes oan in spiker yn it húske kamen te hingjen. 

Nei de oarloch hat ús mem wol hamstere. Net in protte, ien doaze fol. 

Want op in rim yn ’e kast op de oerloop stie bûten de berneskuon, dy’t net mear brûkt binne om’t der nei my net ien mear kaam, in doaze mei sjippe. “Klokzeep” stie der yn grutte letters op. 

Doe’t ik sa’n opslûpen jonge wie, haw ik ús mem ris frege wêrom dy doaze mei sjippe dêr altyd stean bleau. Ik bin fan 1948 en haw gjin oarloch meimakke, mar fan lyts ôf haw ik wol witten fan dy doaze. 

“Wy binne yn ’e oarloch neat tekoart kaam”, fertelde ús mem, “mar it ûntbruts ús wolris oan in stikje sjippe”. “En om dat foar te kommen haw ik dy doaze mei sjippe altyd op foarrie stean, want wy kinne samar wer oarloch krije”, wienen har wurden. 

Us mem wie in leave wize frou, sosjaal en de ienfâld it neist. As wy it wolris oer earmoede hienen sei se altyd: “Earmoede kinne jim net, jim hawwe altyd iten en drinken en kinne waarm sliepe. As men dat hat, hat men ek gjin earmoede”. 

Doe’t ús heit en mem yn 1966 fan de pleats gienen, ferhuze de Kloksjippedoaze ek mei. Hy siet doe noch fol mei sjippe. Se hienen it oan doe ta noch net nedich hân. 

Us âlders hawwe, nettsjinsteande de tsjinslaggen dy’t ek sy hân ha, noch in moai skoft genietsje kinnen yn harren wenninkje oan ’e feart. 

Doe’t ús heit yn 1989 as lêste fan harren stoar, moast de wenning  leechhelle wurde. En wrammels noch oan ta, de doaze fan de Kloksjippe stie ek noch efter yn it bedstee. Der siet fan alles yn, mar gjin sjippe mear. Se hawwe it, tink ik, opbrûkt. Koe ek, want ús âldelju hawwe lokkich gjin oarloch as Spaanske gryp wer meimakke. 

No freegje ik my ôf, as ús mem no noch libbe hie soe se dan mei dit coronavirus ek hamstere ha. Ik tink it net. No ja miskien in pear ekstra stikjes sjippe en in pak waskpoeier. 

En ekstra wc papier? “Nee, net nedich”, hear ik har al sizzen,”want as dat net mear te krijen is, kinne wy altyd wer oerskeakelje nei de Ljouwerter”. Dy ienfâld, ik wurd hieltyd grutsker op ús mem.

www.henkiefandepolderdyk.nl