Algemeen
Kollum: De fûgels
Wylst it oer in moanne krekt sa fier is, liket it no bytiden wol maitiid en is de winter fier te sykjen. No kin der noch bêst in winterke komme. It is wol earder bard dat begjin maart de iisbanen noch efkes iepen wienen en de reedriders noch in pear streken sette koenen.
Mar dit stikje soe oer de fûgels gean, alhoewol, ek dy tinke dat it hast maitiid is. Foaral de mieskes hawwe it smoar drok en fleane ôf en oan. Se binne hjir al west te hûs besjen, by de nêstkastkes lâns fansels, dy 't hjir om hûs hinne hingje en tsiere om it moaiste plakje.
De moskjes komme ek wer foar it ljocht. Fan 't winter ha se har ferskûle yn de twa beammen dy fol sitte mei klimop. Doe wie der gjin fûgel te sjen, mar hearre koenen wy har namste better! Lêst klapte ik yn 'e hannen en minsken noch ta, in wolk fan mosken stode út dy beam. Dat moatte je net te faak dwaan, want wy wolle se net ferbalje. We binne bliid dat se hjir in plakje fan hâldoan fûn ha. Wat mear fûgels yn 'e tún wat leaver en of se no sjonge, fluitsje of tsjilpe, dat makket ús neat út.
No wol ik net oerdriuwe, want der binne no ien kear fûgels EN fûgels! Lêst setten wy ús auto yn Stiens del, ûnder de beammen by de grutte tsjerke. It wie dêr ek allegearre fûgels en dy makken in leven, it die my sear oan de earen en ús auto wie letter mear wyt as griis. It wie as hienen se rúzje en ferklearren se mekoar de oarloch! Se songen net, se fluiten net en se tsjilpten net, mar dienen oars net as skrasse! Jo ha it fêst al troch, de roeken songen dêr it heechste liet. No ja, songen, it hie mear fan razen! Der sil wat oan dien wurde, ha ik lêzen en dat liket my in goed ding!
Mar it binne net allinnich de roeken dy net om oan te hearren binne. In jier of fiiftich tebek wienen myn skoanâlden ris mei fakânsje yn Drenthe en dêr seach skoanmem in prachtige fûgel mei blauw-brúne wjukken. Sy wiisde skoanheit op him mar doe it bist syn bek iepen die en syn stim hearre liet, skrok se en frege: 'Die dy blauwe fûgel dat?'
Skoanheit befêstige dat en sy sei: 'Wat in ôfgriislik lûd, ik mei him der net mear om lije!' Dat wie in houtekster 'Vlaamse gaai'. Dy kamen hjir doe eins net foar, mar no wol en hoewol it moaie bisten binne, ha se neist in skelle stim, ek de rare gewoante om de aaien en pykjes fan oare fûgels op te fretten! Wy sjogge har hjir wol omstrúnen yn dy tiid en dat begruttet my om dy jonge fûgeltsjes, dêrom meie se om my wol wer oppakke nei Drenthe!
Oer de ka, ja dêr oer ha ik ek noch in aardich ferhaaltsje.
Myn man en syn broers hienen der foarhinne aardichheid oan om in jonge ka, dy 't út it nêst fâlen wie, grut te bringen. Hy fertelde dat in jonge ka in hiel apart gelûd makke! As sy dat hearden en dat wie meastal op it tsjerkhôf wêr hy fan de tsjerketoer ôf út it nêst fâlen wie, dan fregen se oan de koster of se him pakke mochten. Sjoch, sy mochten net samar op it hôf komme mar as de koster it goed fûn pakten se it bist gau en namen it mei nei hûs. Thús kaam er yn in sinesappel-kistke mei in doarke dêrfoar fan hinnegaas. Mei in houten stokje, wêr in punt op slipe wie, wat wol wat wei hie fan in snaffel, krige er iten en dat bestie út weake bôle, kâlde jirpel en sa no en dan ris in wjirm. As er oan har went wie en fleane koe lieten se him los, mar fuorren him wol troch. Sa koe it moannen duorje dat er by har yn de buert omfleach en sels dejinge, dy him it measte fuorre, út skoalle helle. It wie in hiele aardichheid fûnen se en dat kin it my wol foarstelle.
No gie it inkeld ek wol ris mis, want as er gjin iten mear krige, dan waard hy ferfelend en koe er bern en grutte minsken somtiden slim lêstich falle en yn it hier pikke!
Dan noch efkes de eksters, prachtige bisten om te sjen, mar krekt as de houteksters, grutte rôvers en net allinnich fan aaien en jonge fûgeltsjes! Mei stoarmwaar wie der ien út in beam fâlen en ien fan de Pasma jongens fûn it bist. Hy woe him, krekt as de ka, ek grut bringen yn in sinesappel-kistke en dat slagge. Mar letter gie it al oars as mei de ka. Want dy ekster wie sa brutaal as de beul en kaam gewoan yn 'e hûs, as der in doar of in rút iepen stie. Eigenwiis seach er dan om him hinne en pakte wat er pakke koe. Meastal wie dat in teeleppeltsje en dêr naaide hy mei út. De jongens hienen sjoen wêr er it spul brocht en as skoanmem dan hast troch har teeleppeltsjes hinne wie, kaam de ljedder by it dak op en hellen se it spul út de daksgoatte! Op in kear hie skoanheit skjin syn nocht fan it brutale bist. Hy naam him mei, yn it kistke, efterôp de fyts en liet him kilometers fierder wer los. Dat hat him net folle jûn, want it bist wie earder wer thús as hy! Ja, ja, dy fûgels, je kinne der wat mei belibje! λ
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
-
Vr 3 januari
-
Za 4 januari
-
Zo 5 januari
-
Ma 6 januari
-
Di 7 januari
-
Wo 8 januari