Algemeen

Kollum Bakker: Kringloop

De kringloop…ik sil it mar earlik bekenne: ik fyn it hearlik om dêr sa no en dan even om te strunen. As ik fyn, dat ik wol in fersetsje “fertsjinne” ha, dan set ik meastal ôf nei in kringloopwinkel. Altyd mei de bedoeling om neat te keapjen, want ik ha genôch spul om sels in kringloop te begjinnen. Mar meastal is der dochs wol wat, dat mei moat. In âld bakkersblikje, in moai boek….

Soms tink ik wol ris: “dat minsken soks no nei de kringloop bringe. Wa docht soks fuort, is der dan nimmen dy’t hjir wearde oan hechtet?”

Troch skea en skande kom ik der no achter, hoe as dit wurket. Wy binne dwaande it hûs fan myn mem leech te heljen. Alle kasten binne leech, en it hûs stiet fol mei doazen, it bêd leit fol mei albums en plakboeken, der steane tich pûden mei klean…No moat der noch ferdield wurde tusken de fjouwer bern en de acht beppesizzers. Elk hat al opskreaun wat hy of sy yn elts gefal graach ha wol. By dielde belangstelling wurdt der lotte. Oant safier giet it noch wol. 

Mar dan bliuwt der noch mear as genôch spul oer. Dingen út myn heit syn famylje, in koperen dôfpot, in koperen tsjettel, in strykizer, in âlde houten skoaltas. En noch safolle út ús mem har famylje, fazen, kasten, glêswurk…Sa’n protte dingen wer’t ik ek in gefoel by ha. It hat der altyd west, it heart by de famylje.

Mar…myn broers kin it net folle skele. En wêr moat ik mei alles hinne? Ik wenje al mear as 45 jier op mysels, en ha it noadige ek wol sammele. Ik snap dus no, dat der soms dingen by de kringloop lizze, werfan ik tink: wa soe soks no fuort dwaan?

It giet der om, dat men net alles hâlde en bewarje kin. Wylts men by safolle dingen tinkt: oh ja. Dat krigen wy fan dy en dy. Dat kaam by pake en beppe wei. En dêr wie ús mem altyd sa sunich op…

It falt net ta, hûs oprêde. Teminste foar my net. It leafst hie ik alles sa meinommen en by my del set. Net om it hawwen, mar om de emoasje dy’t der by sit. In stikje âlderlik hûs dat bliuwt. De realiteit is oars. It âlderlik hûs ferdwynt. Oare wike snein moat it leech wêze, klear foar de folgjende hierder. Miskien bliuwe deselde gerdinen hingjen, dan liket it fan bûten noch wat op it âlde fertroude. Mar binnen wurdt it hiel oars. De gesellige keamer fan myn mem is der net mear.

Doe’t ik boppe dit stikje “kringloop” sette,  seach ik ynienen ek de betsutting achter dat wurd. “Kringloop”, wy tinke fuort oan de winkel mei spul, dat ôftanke is troch in oar. 

Mar de kringloop fan it libben meitsje wy allegearre mei. En yn dy kringloop moatte wy ôfskied nimme, fan minsken, fan bisten, fan planten, fan dingen. Wy meitsje allegearre diel út fan dy kringloop. Ofskied nimme fan oantinkens, fan it ferline, it heart der by. Sa komme dingen yn de kringloop telâne. Sa heart it ek te wêzen. It libben giet troch, mei nije kânsen, mei nije útdagings, mei nije fynsten yn de kringloopwinkel. 

Mar in oantal dierbere oantinkens nim ik mei. Iens sille ek dizze oantinkens yn de kringloop ferdwine. Mar no noch even net!

Fansels dizze kear in resept yn it kader fan “kringloop”, dus opnij brûke fan yn dit gefal bôle. Ik fûn in resept fan mini quiches. Ek hiel geskikt om by in high tea te brûken, of in lekkere útgebreide brunch.

Ingrediënten
12 stikjes wite bôle
4 aaien
250 ml molke
24 sjerrytomaatsjes
100 g hamblokjes
2 ytl. provinsjale krûden
100 g goudse tsiis
bûter foar it ynfetsjen

Fetsje in muffinfoarm yn mei de bûter. Ferwaarmje de oven foar op 180 graden. Snij de koarsten fan de bôle en rôlje se plat mei in deechrôler. Tear de bôle yn de muffinfoarmen.

Klopje de aaien mei de molke en de krûden. Doch der wat piper en sâlt by. Snij de tomaatsjes yn twaën en ferdiel se oer de bôlebakjes. Ferdiel ek de ham oer de bakjes. Strui de helte fan de tsiis der oer. Dan it aaimingsel der yn en as lêste de oare helte fan de tsiis. Set it 20 menuten yn de oven.

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.

Zie ook de advertentie op pagina 2 van de Stienser