Algemeen

Kollum Aeltsje de Groot - Stikem wol...

As jimme dizze kollum lêze, is it allegearre al wer achter de rêch. It fuotbaljen dus. No sitte wy noch in pear oerkes foar de heale finale, dus de spanning begjint by in protte minsken al wer heech op te rinnen. En wa wit...no ja, oare wike witte wy hoe as it ôfrûn is, en dan is it libben wer krekt sa as altyd. Al komt der noch in hiele protte sport oan fansels, dizze simmer.

Elkenien, dy’t my kin, wit, dat ik altyd rop, dat ik neat om “dat fuotbaljen” jou. Ik sjoch der net nei, it is hielendal net slim as ik ûnder de wedstriid wat oars ha, no ja, soksewat.

Ja, en no moat ik mei de billen bleat, want dat is dus eins hielendal net sa..

Ik ha fansels jierren mei in man wenne, dy’t út in sportfamylje kaam. Yn it begjin moast ik dêr wol oan wenne, want by my thús wie dat folle minder. 

Doe’t ik by de famylje De Groot oer de flier kaam, stie de tillevyzje op sport as der sport wie. Ride, fuotbalje, fytse, tennis, it makke net út, der waard nei sjoen. It leafst mei de hiele famylje. En neffens my wie skoanmem it meast fanatyk….

Prachtich. En ek letter spile by ús yn de húshâlding de sport in grutte rol, foaral as it op de tillevyzje wie. En noch by myn bern.

Mar mem sjocht dus net mear. Dat hat sa syn redenen. Dy sil ik dan no mar ris út de doeken dwaan. Miskien dat der mear sokken binne as ik, no, dan binne jimme dus net abnormaal, of krekt like abnormaal as ik.

Want: ik bin tè fanatyk. Ja, dat kin dus ek. Wie skoanmem al fanatyk, ik bin sa fanatyk, dat ik it net sjen wol. En dat is net fan de lêste jierren, nee, dat mankemint sleep ik al jierren mei.

Moast Hibert v.d. Duim ride, en wie it spannend? Aeltsje moast ynienen nedich de wask opteare, of oare belangrike dingen dwaan. En as it dan wer sa’n bytsje ôfrûn wie, fersichtich even sjen hoe as it gien wie.

De fuotbalfinale fan 1988 kin ik my noch goed foar de geast krije. Sjoch, in rit op it iis duorret heechút in kertier (yn de tiid fan Ard en Keesie dan), mar fuotbaljen duorret oeren. En as it tsjinsit nochris in heal oere. Net om troch te kommen, dy tiid. Yn 1988 ha ik sawat it hiele hús himmele neffens my.

Ik ha drok mei de wask oan de gong west. Wy wennen doe noch by de winkel, dêr ha ik ek fanalles útfretten. Ik leau dat ik allinne de lêste fiif menuten fan de wedstriid mar sjoen ha.

No ja, en sa giet it dus altyd. Doe’t op 3 desimber 2022 Nederlân tsjin Amearika spile, soene wy Sinteklaas fiere. Mar earst elkenien foar de tillevyzje. Ik ha der noch in foto fan, in dierbere foto ûnderwilens...Ik koe der doe hast net ûnderút, en it wie ek noch lang gjin finale, mar dochs wie it dreech. It is dat der doe wûn waard, dus der koe noflik Sinteklaas fierd wurde.

Ja, en no sjoch ik dus stikem. Dat hâldt yn, dat ik sa no en dan hiel hurd even nei it fuotbalje sap. Doe’t ik foarige wike seach, dat Turkije mei 1-0 foarstie, ha ik pas op de ein wer even sjoen. Wat in opluchting! It slacht nergens op. 

En eins moat ik dit mar gewoan foar mysels hâlde. Lit elk mar tinke, dat ik net fan fuotbaljen hâld.

No ja, it giet eins net iens oer fuotbaljen. It is gewoan dat gefoel fan dat “wy” winne moatte. Krekt as soe de wrâld fergean as dat net sa is. Wat binne “wy” dochs ek in apart folkje. Dat men troch sa’n spultsje (sorry) ynienen it sa mei elkoar iens binne. Sport ferbroedert. No ja, sa slim is dat ek wer net fansels. En ik bin dus gjin hier better as al dy oare miljoenen minsken, dy’t wol it lef hawwe om gewoan nei de wedstriid te sjen. Ik wurd al senuweftich as ik der oan tink.

Dus nee, ik bliuw lekker thús en sjoch sa no en dan wol even hoe as it giet. Better foar mysels, mar ek better foar dyjinge dy’t oars myn kommentaar oanhearre moat. Want ik bin ek noch sa’n ien, dy’t altyd de mûle iepen hat.

Wit jim wat? Ik sjoch gewoan nei it hurdfytsen. Lekker ûntspannend!