Algemeen

Jongerein fan ‘Vriendenkring’ Jelsum-Koarnjum-Britsum spylje twa ienakters

Op freed 19 novimber en sneon 20 novimber 2021 presintearre de jongerein fan ‘Vriendenkring’ Jelsum-Koarnjum-Britsum twa ienakters! 

Diagnoaze B.E.R.N. 

Skreaun troch Jurgen Zweemer 

Tom hat in protte fantasij. Dat moat ek wol want Tom is gauris allinnich thús. Syn heit en mem binne altyd oan it wurk en der binne se tige grutsk op. Se prate alinne mar oer harren wurk en harkje alhiel net nei elkoar. Tom fantasearret as er buortet hiele ferhalen by elkoar. Syn fantasij is sa grut, dat er alle karakters, alle bisten en meunsters en minsken ek echt sjocht en fielt. Spitegernoch sjogge heit en mem dit net en kinne se net meidwaan yn syn ferhalen… 

Spile troch: Isis Hofman, Timo de Haan, Liza Sinnema, Jelmer v.d. Burg, Vera Althuisius, Tiemen Bonnema, Emily Althuisius en Tamara Bonnema 

Rezjy:  Lieuwkje Boomsma 

 

www.willem.nl  

Skreaun troch Froukje Popma 

It is Sandra net dúdlik wêrom har freondinne Thecla har moaie keamer yn in studinteflat ferruilet foar in âld krot yn in ûnhuere buert. Hat de freon, dy't Thecla troch chatten kennen leard hat, der wat mei te meitsjen? Ek mem Aly, fertrout it spul net en komt om poalshichte te nimmen. Se weaget har derby yn 't hoale fan de liuw... 

Spile troch: Mirthe Swart,  Esmee Sinnema, Jelmer Nicolay, Janny Haijma, Linde Hofman en Sido Faber 

Rezjy: Sytske Nicolay, mei help fan Eit van der Velde 

 

Oanfang beide jûnen 20.00 oere yn de Bining te Koarnjum