Algemeen

Jeugdfûgelwachtdei Fûgelwacht Stiens e.o.

De Fûgelwacht Stiens e.o. bestiet by de graasje fan ús leden en mei dy, om en de by 250 leden binne wy dan ek tige wiis. De leden krije alle jierren fan ús it Jierboekje, dat is it kommunikaasjemiddel fan ús wacht. Eksimplaren dêrfan kinne ek lêzen wurde op ferskate lêstafels yn bygelyks “de Bieb” en by húsdokters en oare ynstellings.

Dit jier wolle wy ek besykje de betelling fan de kontribúsje te automatisearjen nei automatyske ynkasso. Sa besykje wy om dêryn mei te gean yn de feroarings fan de tiid. In oar idee wie ek om ris wat mear oer ús aktiviteiten sjen te litten oan alle ynwenners fan “Stiens en omstreken”, bygelyks troch sa no en dan in stikje yn de Stienser te setten. De aktiviteit dêr’t it hjir oer giet is de saneamde “Jeugd-fûgelwachtdei”, in evenemint dat elk jier plak fynt op in hieltyd wikseljende lokaasje. Dit kear wie it, op sneon 3 juny, by de pleats fan de famylje Bakker yn Ginnum. In boer dy’t op syn lân romte jout oan bioferskaat en greidefûgels. Ferskate wachten hawwe in Jeugdfûgelwacht en dy kinne harren foar dielname oan sa’n dei opjaan. 

Der kamen sa’n 11 groepen op ôf;  ek wy wiene dit jier wer presint. It waard wer in prachtige dei mei in ferskaat oan aktiviteiten dêr’t de bern (mar somtiden ek wy as begelieders) wat fan leare koenen. Mar fansels, foar alles, ek in soad wille. It gie oer fûgels (fansels) mar ek oer fisken (hokker fisken ite fûgels? en hokker fûgels ite fisken?), predatoaren  yn it fjild en ek rôffûgels (libjende!). En fierder, sels fleane mei drones en net te ferjitten polsstokspringe (ek altyd it topper) en wietspringers hiene wol droege klean yn reserve meinommen