Algemeen
It Noarden krijt 330 miljoen foar enerzjytransysje
De kûgel is troch de tsjerke: de Europeeske Uny stelt 330 miljoen euro beskikber om de regionale ekonomy yn Noard-Nederlân los te meitsjen fan oalje en gas. Deputearre Friso Douwstra: “ It Noarden giet fergrienen. De stipe út de Europeeske Uny wei sil dêrby helpe. Fijn dat it beslút oer dizze finansiering nommen is. Goed foar ús wurkgelegenheid en bedriuwslibben.”
Dizze wike hat de Europeeske Kommisje yn totaal 623 miljoen euro oan ús lân takend yn de foarm fan in fiifjierrich subsydzjeprogramma, neamd ‘Just Transition Fund’ (JTF ). Dit `Fûns foar in rjochtfeardige enerzjytransysje ' stipet gebieten dy 't ekonomysk bot ôfhinklik binne fan fossile brânstoffen op wei nei in klimaatneutrale takomst.
Oanfreegje earste twa subsydzjes yn jannewaris
Oer de ferdieling fan de jilden is lang ûnderhannele mei as útkomst dat mear as de helte fan de subsydzjepot delsakket yn Grinslân, Fryslân en Drinte. Benammen yn Grinslân is de kommende jierren sprake fan ferdwinende bedriuwichheid en wurkgelegenheid yn de ierdgassektor. De trije provinsjes, de arbeidsmertregio's en it Samenwerkingsverband Noord-Nederland (SNN) soargje mei-inoar foar optimale besteging fan de subsydzjes. De earste twa subsydzjeregelingen fan it JTF wurde nei ferwachting yn jannewaris iepensteld. Se binne bedoeld om it bedriuwslibben en kennisynstellings te helpen mei it realisearjen fan ynnovative ideeën en tûke oplossings. It giet dan bygelyks om produksje en gebrûk fan duorsume enerzjy en ek om nije opliedingen en omskoalling fan wurknimmers.
Fêst oan ’e slach?
Bedriuwen en kennis- en ûnderwiisynstellingen yn Fryslân, dy't fêst yn ‘e mande mei partners yn Grinslân, Drinte of Emmen mei nije projekten starte wolle, kinne foar advys kontakt opnimme mei: info@fryslan.frl | 058 -292 59 25. Nei de neamde twa subsydzjes folgje der yn de kommende moannen mear. Wy tinke graach mei oer de mooglikheden foar dyn idee of oplossing. Mear ynformaasje: Europese Fondsen
Laatst geplaatst
Agenda
-
Ma 13 januari
-
Di 14 januari
-
Wo 15 januari