Algemeen

Ik wie fan doel in kollum te skriuwen oer myn nije kofjesetapparaat. Tige spannend fansels. Underwilens kin ik ek wol in hiele kollum oer myn auto skriuwe. It is dus mar even de fraach wêr’t it no oer gean sil. Miskien wol oer beide.

Earst mar oer it kofjesetapparaat. Wy ha jierren sa’n apparaat hân, dêr’t sa no en dan wetter yn moast en kofjebeannen. Druk op de knop en wy hiene in bakje kofje. Mear wie it net, en mear hiene wy ek net noadich. Sa no en dan moast de boel even út elkoar om alles goed skjin te meitsjen. As dat safier wie, dan knipperen der allerhande reade ljochtsjes. 

En as de boel dan wer himmele wie, stie it ljocht wer op grien.

Oant dizze maitiid. Op in moarn klonk der in yslik gekreun doe’t der kofje set wurde soe. It hearde hast minsklik;  it kofjesetapparaat joech de geast nei jierren fan trouwe tsjinst. Der wie gjin repair café dat der noch wat oan dwaan koe.

Nico wie doe al siik. Op syn lêste “goede” dei, doe’t er sûnder pine wie troch de blokkade yn syn foet, wiene syn broers hjir en in skoansuster. Fansels moast der kofje komme. En sa kaam it te praat oer it nije kofjesetapparaat, dat der komme moast. Ik hie myn âlde wer fan stâl helle. Mei in kanne mei in ear dy’t der heal by hong, en kofje dy’t net al te waarm wie.

Ik sei doe: “Wy moatte noch in nij kofjesetapparaat hawwe. Wy hawwe al wat sjoen, wat ús wol moai ta liket. Wy…”. Nico sei doe: “Wy? Ik tink fan do. Ik hoech my dêr net mear drok om te meitsjen…”. Ja, wy wisten op dat stuit al, dat it net goed komme soe. En blykber wie Nico dêr fierder mei as ik. Foar my wie “wy” op dat stuit noch sa gewoan. Dat dat “wy” der net mear wêze soe, siet noch net bepaald yn myn systeem.

Dat dat foar Nico oars wie, jout oan de iene kant treast. Hy hat nea in momint hân, dat er opstannich wie, en sei: “êrom ik no?” Fanôf it momint dat it “fonnis” definityf wie, wie it klear. “Wy sjogge wol wat wy noch krije, it is sa as it is.” 

Fiif dagen letter wie it al gebeurd, en waard it fan “wy” wer “ik”. 

Earlik sein is dat noch altyd dreech. Ek al hiene wy allebeide ús eigen dingen en ynteresses, it wie dochs ek wol bot “wy”. En wylst ik hjir sit te skriuwen, fiel ik noch altyd dy pine fan dat gemis, fan dy oare “ik”, dy’t der net mear is.

Mar ik ha in nij kofjesetapparaat kocht, in oantal wiken lyn. It hie miskien net noadich west. Kofjesette kin hiel simpel mei in filter en wat wetter en kofje. Mar ik fielde it as in soarte fan “plicht” om dochs in nij apparaat te keapjen. “Do moast dat straks dwaan, ik hoech dat net mear te dwaan”. Ik ha it dien, en by elk bakje tink ik: wer in stapke fierder. It giet fansels net allinne oer in kofjesetapparaat. It giet oer al dy dingen, dêr’t wy tegearre oer beslisten, en dêr’t ik no allinne foar stean. Gelokkich hiene wy al in oantal dingen op preammen stean. De isolaasje fan ús hûs bygelyks. Alles stie al fêst, en dus koe dat fan’t simmer ek allegearre gewoan troch gean. Nije kezinen, in nij plat dak mei alles wat dêr by kaam, flierisolaasje. Bliid, dat wy dat yn elk gefal noch regele hiene!

Mar it libben giet troch, en elke dei binne der wer dingen dy’t foarby komme. De wurden fan Nico bliuwe yn myn holle sitten: “do moast it dwaan.” En fansels bin ik mânsk genôch om it te dwaan. As ik op de sneldyk stil kom te stean mei myn auto, min of mear midden yn de nacht, dan kom ik ek wol wer thús. Dan tref ik sa’n aardige man fan it sleepbedriuw, dy’t my hielendal thús bringt. Wylst er my eins allinne mar nei in feilich plak hoecht te bringen. 

Dat er sels oan de Troelstrawei wenne, holp ek wol mei fansels. Dêr moast er dochs wer hinne, en dan is Stiens mar in lyts eintsje fierder.

Mar stikem tink ik dan: “Sjoch Nico, ik rêd it dochs mar op. Ik hie it leaver oars hân, mar it slagget my wol..”

No earst noch mar in bakje kofje!