Algemeen

Haadkarmaster Tuininga yn it sintsje set

Op de jierlikse gearkomste fan de Keninklike Ysclub Stiens hat Jan Willem út hannen fan foarsitter Henk Dijkstra in oantinken krige foar syn ynset as haadkarmaster oer de ôfrune 30 jier.

Jan Willem wie as 16 jierrige al frijwilliger by de ysclub. Foar dat de baan iepen gie, wie er troch de frijwillers al hiel wat wurk ferset. By de wedstriiden dy't organisearre waarden wiene de karmasters ûnmisber. Der is doe it karmasterskorps ûntstean, inkele mannen stelden harren beskikber om it bestjoer te helpen mei dizze wedstriiden.

Jan Willem wie it oansprekpunt tusken bestjoer en de frijwilligers, it korps bestiet út in starter, tiidwaarnimmers, baanfersoargers, kaartferkeapers en omroppers. Op it stuit bestiet it korps út 11 man, wer we as bestjoer tige grutsk op binne.

It bestjoer woe no efkes stilstean by de ynset fan harren karmasters, foarofgeand oan de gearkomste hat it bestjoer mei de karmasters in stamppotbuffet hân yn it Span, levere troch Keurslager Brolsma.

Oant ein fan de gearkomste is Jan Willem in oantinken oanbean.