Algemeen

Griene Sjippe spilet: ‘Bytsje Minder, Bytsje Mear’

Teaterkollektief Griene Sjippe is werom, en hoe! Yn 2022 ha Renee Fokkema, Folkert Sijbrandi en Erwin Hendriks ferskate doarpen del west mei harren nije kabaretfoarstelling ‘Bytsje Minder, Bytsje Mear’. Skreaun én spile troch dizze mannen, moai net? Ek yn 2023 stean se wer op de planken, dizze kear yn Koarnjum sneon 4 febrewaris om 20.15 oere yn De Bining

Bytsje Minder, Bytsje Mear is in kabaretfoarstelling mei muzyk en humoristyske teksten, dêr’t in ûnske minder as in ûnske mear sintraal stiet. Of...Is it krekt oarsom? In fraach dy’t faak steld wurdt by it ôfweagen fan in produkt yn in winkel, mar ek tapaslik is foar allegear situaasjes yn it deistich libben. De sketsen jouwe in moai byld fan aktuele, werkenbere situaasjes, dêr’t it publyk harrensels yn ’e spegel werom sjocht. Binne jo nijsgjirrich wurden en ha jo ek nocht in jûntsje fertier? Dan kinne jo no kaarten bestelle fia: www.grienesjippe.nl, Sjogge wy jo dêr?

Regy: Hotze Karsten en Ljocht en lûd: Marius Del Grosso