Algemeen

Fryslân stimulearret ynnovatyf ûndernimmen mei MIT-subsydzjes

t programma MKB-innovatiestimulering Regio en Topsectoren (MIT) stimulearret ynnovative ûntwikkelingen. Foar twa fan de subsydzjes út it MIT-programma is foar Noard-Nederlân fan ‘t jier 7 miljoen euro beskikber: MIT Haalbaarheid en MIT Research & Development (R&D) Samenwerking. De earste subsydzje kin fan 4 april ôf oanfrege wurde by it Samenwerkingsverband Noord Nederland (SNN).

Foto: Koenraad de Haas van Marinminds

 

Deputearre Friso Douwstra: “Undernimmers yn Fryslân, dy’t oan ’e slach wolle mei in ynnovatyf idee, kinne mei dizze subsydzjes de helberens ûndersykje. Undernimmers moatte ûntwikkelje en ynnovearje kinne. Ek gearwurking mei oare bedriuwen komt yn oanmerking foar subsydzje. Fryske ûndernimmers: meitsje gebrûk fan dizze subsydzjes. It SNN en Ynbusiness helpe jimme dêrby.”

 

Wêrom in MIT-subsydzje oanfreegje? Marinminds fertelt

Undernimmer Koenraad de Haas fan Marinminds befellet dizze subsydzjes fan herte oan. Hy ûntwikkele mei de subsydzje syn technology foar it monitoaren fan de ûnderhâldsstatus fan jachten. De Haas: “Ut Fryslân wei monitoarje wy no jachten yn Miami oant oan de Middellânse See. Mei help fan de MIT hawwe wy it ynvestearringsrisiko ferlytse en mear faasje oan de ûntwikkeling fan ús jacht monitoaring platfoarm jûn.”

 

Oer de MIT-subsydzje Haalbaarheid

Mei de MIT-subsydzje Haalbaarheid kinne ûndernimmers stipe krije foar it útfieren fan in helberheidsûndersyk. Op basis fan dat ûndersyk kin in ûndernimmer beslute om de ynnovaasje te ûntwikkeljen. Der is subsydzje oant 40 prosint fan de kosten foar ûnôfhinklik ynnovaasje-advys, leankosten fan wurknimmers, eigen oeren, apparatuer en materiaal.

Fan tiisdei 4 april ôf kin de subsydzje oanfrege wurde.

 

Oer MIT-subsydzje R&D Samenwerking

De MIT-subsydzje R&D Samenwerking is beskikber foar ûndernimmers dy't yn oparbeidzjen mei oare ûndernimmers ynnovative oplossings foar de takomst ûndersykje en ûntwikkelje. Der is subsydzje beskikber oant 35 persint fan de kosten foar ûnder oare personiel, apparatuer en materiaal. De subsydzje kin fan tiisdei 6 juny ôf oanfrege wurde.