Algemeen

Foar 14 projekten yn Noardwest-Fryslân IMF-subsydzje

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) jout de provinsje Fryslân subsydzje oan 14 inisjativen yn de regio Noardwest-Fryslân. Yn de tredde iepenstellingsperioade fan 2022 giet der mei-inoar 244.606 euro nei projekten foar leefberens yn de mienskip. Ien fan de honorearre projekten is ‘Itensbosk Stiens’.

Itensbosk Stiens

Stichting BiodiverStiens wol bydrage oan it werstel en ferbettering fan it bioferskaat yn Stiens en omkriten. Hjirfoar rjochtsje se oan de râne fan Stiens in itensbosk yn neffens de prinsipes fan permakultuer. Doel is om boargers op in ferbinende wize bewust te meitsjen fan it grutte belang fan it lokale bioferskaat en harren te ynformearjen oer de mooglikheden om dêr sels in bydrage oan te leverjen. It gearkommen fan ynwenners fan Stiens en it bewust wurden fan de natuer spilet dêrby de ferbinende faktor. Der wurde aktiviteiten organisearre, ûnder oare foar de bern fan Stiens (alle basisskoallen), lykas pluk - en rispdagen mei passende en duorsume aksjes. Ek sille der rûnliedings jûn wurde foar ynteressearren. Der sil in soad omtinken wêze foar foarljochting oan boargers. Safolle mooglik ynwenners wurde belutsen by it itensbosk.

De totale projektkosten binne 30.476 euro. Út it IMF wei wurdt 9.868 euro oan subsydzje bydroegen.

 

Iepen Mienskipsfûns

Ek yn 2023 kin der subsydzje oanfrege wurde. De earste oanfraachperioade rint fan 16 jannewaris o / m 2 febrewaris (17.00 oere) 2023. De wichtichste betingst is dat it projekt bydraacht oan it ferbetterjen fan de leefberens. De projektadviseurs fan Streekwurk binne beskikber foar it begelieden en advisearjen fan de inisjatyfnimmers by it oanfreegjen fan subsydzje foar harren projekt. Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende projekten op www.streekwurk.frl/imf