Algemeen

FNP Ljouwert wol skoalleswimmen werom yn de gemeente Ljouwert

Swimles is in basisbehoefte yn in wetterryk lân as Nederlân, fynt FNP Ljouwert.

Dat it skoalleswimmen in pear dessenia ferlyn op it grutste part fan de basisskoallen yn ús lân ôfskaft is mei dan ek sjoen wurde as in grutte flater. Hielendal as’t sjochst nei de withoefolle nijsberjochten oer ferdrinkings dy’t alle simmers wer de foarsiden folje. Ferdrinkings dy’t miskien wol foarkommen wurde kinnen hiene as der op lanlik nivo mear omtinken west wie oer goed swimûnderwiis.

In oar soarchwekkend berjocht ferskine ein novimber 2023 op ferskate nijssiden: it tal bern sûnder swimdiploma nimt ta. Tusken 2018 en 2022 is it persintaazje bern tusken 6 en 16 jier sûnder swim-diploma ferdûbele. Yn dit artikel wurde 2 wichtige redenen oankaart. Oan de iene kant wurde swimlessen foar hieltyd mear gesinnen te djoer en oan de oare kant hawwe wy te krijen mei in tanimmende stream ‘nije Nederlanners’ foar wa’t it folgjen fan swimles gjin fanselssprekkendheid is.

Foar FNP-riedslid Bauke Beert Keizer is swimles in ûnderwerp dat him oan it hert giet. Keizer hat sels rom 10 jier wurksum west as swimûnderwizer/(franchise-)swimskoalle-eigner en hat yn febrewaris 2021 al ris yn de bres (lês: ‘Yn de Hoffiver’) sprongen om de swimlessen trochgean te litten yn ien fan de koroana-lockdowns. Koroana is trouwens ek ien fan de faktoaren wêr’t de algehiele swimfeilichheid ûnder te lieden hat: om’t de swimlessen destiids langere tiid stillein ha, binne der by in soad swimlesoanbieders de wachtlisten allinnich mar grutter wurden.

Al mei al in soad soarchwekkende ûntwikkelingen wat de swimfeardigens fan ús bern oanbelanget. FNP Ljouwert liedt de needklok: der moat in struktureel swimprogram yn it basisûnderwiis komme yn de gemeente Ljouwert! En dan net it skoalleswimmen sa as dat yn it ferline jûn waard, mei 1 brullende badmaster mei in heak foar in groep fan 30 sparteljende bern mar in leuk en learsum swimprogram wêrby’t de swimfeardigens fan bern adekwaat ûnderhâlden wurdt.

Oanfanklik stie der op woansdei 7 febrewaris in ynformative riedsbyienkomst oer In Swimfeilich Ljouwert pland, in aginda-inisjatyf fan FNP Ljouwert mei stipe fan Lijst058 en GrienLinks wêrby’t ekspêrs út û.o. de swimwrâld mar ek út it basisûnderwiis oan it wurd komme soenen. Mar om’t der ein febrewaris troch de gemeenteried sprutsen wurde sil oer de gehiele startnotysje fan Sport en Bewegen yn ús gemeente (wêryn’t mooglik ek de swimfeiligens yn ús gemeente oan bod komt), is besletten om dit aginda-inisjatyf út te stellen. By it besprekken fan dizze startnotysje op 28 febrewaris sil de FNP Ljouwert in swimprogram yn it basisûnderwiis besprekber meitsje en hopet op brede stipe binnen de gemeenteried om sa úteinlik de swimfeardigens fan de bern yn ús gemeente te ferbetterjen λ