Algemeen

FNP en PvdA wolle in miljoen euro foar lânboutransysjefûns

 

Ein juny komme FNP en PvdA mei in moasje om in nij lânboutransysjefûns fan ien miljoen euro yn it libben te roppen. Dêrtroch kinne agraryske bedriuwen dy’t omskeakelje wolle, aanst makliker de oerstap meitsje nei natuerynklusive kringlooplânbou en biologysk buorkjen.

Natuer en lânskip binne ús 'griene goud'. Mar dat Fryske lânskip en it bioferskaat steane ûnder druk. Dêrom stribbet de provinsje Fryslân al jierren nei in duorsume, natuerynklusive lânbou, dy’t grûnbûn en sirkulêr is. Dy draacht by oan it werstel fan it bioferskaat, hat maatskiplik draachflak én in duorsum ekonomysk rendemint. De lânbousektor is fan grut belang foar ús provinsje. Mei natuerynklusive kringlooplânbou en biologyske lânbou kin Fryslân him profilearje as skjinne, duorsume lânbouregio dy’t taret is op ‘e takomst.

 

Agraryske ûndernimmers dy’t omskeakelje wolle rinne faak tydlik tsjin ekstra kosten oan. Om de doelen fan de provinsje krêft by te setten, wolle FNP en PvdA dêrom in lânboutransysjefûns yn it libben roppe, wêrmei’t dy ynvestearringsdrompel ferlege wurde kin. Dêrtroch kinne agraryske bedriuwen dy’t omskeakelje wolle, makliker de oerstap meitsje nei natuerynklusive kringlooplânbou en biologysk buorkjen. De twa partijen wolle dat der by de behanneling fan de ramtnota ein juny in budzjet fan ien miljoen euro frijmakke wurdt foar it nije lânboutransysjefûns.