Algemeen
Fêste Grûn yn Nije Skalm
Op freed 9 febrewaris komt J&Mteaterwurk mei in foarstelling skreaun troch Tjeerd Bischoff: 'Fêste Grûn' mei Jan Arendz en Marijke Geertsma yn gearwurking mei gitarist Eddie Mulder en regisseur Bruun Kuijt.
De foarstelling giet oer Renate, in journaliste út ’e stêd, dy’t troch in ûngelok mei de auto yn kontakt komt mei Rein, in boer fan’t plattelân. Se reitsje oan ’e praat en it docht bliken dat se it goed fine kinne tegearre.
Rein is widner en wrakselt mei de stiksofproblematyk en de opfolging fan de buorkerij. De pleats is al jierrren yn it besit fan de famylje. Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn it wurk en har thússituaasje. Rein en Renate ha ferskillende achtergrûnen, binne nijskjirrich nei elkoar en ferlieze harsels yn de blik fan dy oar. En troch de eagen fan dy oar, begjinne sy opnij te sjen nei harren eigen libben.
'Fêste Grûn' is in hertstochtelik ferhaal oer leafde en feroaring. Kaarten bin noch te krijen fia de webside www.nijeskalm.nl. De foarstelling begjint 9 febrewaris om 20.00 oere yn ‘e Riedseal fan ‘e Nije Skalm
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december