Algemeen
Ferhaleprojekt Utsteld gelok yn de tún fan Anne-Famkes Pleats yn Bartlehiem
Op 5 juny om 15.30 oere is in ferhaal fan it ferhaleprojekt Utsteld gelok fan Ljouwert UNESCO City of Literature te beharkjen yn de tún fan Anne-Famkes Pleats tichtby Bartlehiem. Brecht Wassenaar lêst dêr it ferhaal ‘Grote kansen’ fan Maxim Osipov foar, yn it Nederlânsk.
Alle hûndert dagen fan kultureel programma Arcadia soarget Ljouwert UNESCO City of Literature mei Utsteld gelok foar in nij, live foarlêzen ferhaal op hieltyd in oar, paradyslik plak yn Fryslân. De reade tried: de syktocht nei skientme yn en nei de pandemy.
Wat jout ús moed, hokker siedsjes plantsje wy foar de takomst? Hûndert auteurs út binnen-en bûtenlân skreaunen der in nij, koart ferhaal oer. Fyftjin professionele fertellers lêze dizze ferhalen foar. Yn de tún by de Friezen thús, op de folkstún, yn tunen fan staten en stinzen en yn pluk- en teetunen. Yn it Frysk, yn it Nederlânsk of yn it Ingelsk.
Boarne fan ynspiraasje is it fjirtjinde-iuwske masterwurk fan de Italiaanske dichter en gelearde Boccaccio: de Decamerone. In samling fan hûndert ferhalen, yn tsien dagen ferteld troch tsien jonge minsken, op 'e flecht foar de pest. Lykas doe fertelle we inoar ek no ferhalen om de tiid troch te kommen, om inoar te fermeitsjen, om te reflektearjen op de ellinde. Mar ek – en benammen – om wer in bytsje skientme en gelok te finen.
It programma duorret likernôch in oere. De tagong is fergees en hoechst dy net oan te melden. Mear ynfo stiet op www.uitgesteldgeluk.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december