Algemeen
Felisitaasjes foar 100-jierrige Rienk Bakker
Rienk Bakker út Bitgum is, 29 maaie, 100 jier wurden. Boargemaster Marga Waanders brocht fia de telefoan de hertlike felisitaasjes oer. In moai bosk blommen waard by him thús besoarge.
Rienk Bakker is berne op 29 maaie 1920 yn Stiens. Hjir is hy ek grut wurden. Nei de legere- en ambachtsskoalle gie hy as skildersfeint de wrâld yn. Hy fûn wurk yn Froubuorren en bleau dêr fyftjin jier. Yn Froubuorren moete Rienk syn frou, Eke Boersma. Sy wenne yn it Waling Dykstrahûs, dat doe in bakkerij wie. De hiele oarloch hat it stel dêr meimakke. Yn april 1945 binne Rienk en Eke troud. Op oantrúnen fan Eke helle Rienk syn festigingspapieren, sadat sy foar harren sels begjinne koenen. Se kochten, mei gjin sint yn ‘e bûse, in ienmanssaak yn Bitgum. Op 2 maart 1953 binne se dêr begûn mei it skildersbedriuw. In pear jier letter krigen sy der in winkeltsje by. Eke hie dêr as bakkersdochter tige nocht oan. Sy ferkochten behang, ferve en klompen. Dit hawwe se tritich jier dien. Rienk en Eke ha trije bern krigen, in dochter en twa soannen. Yntusken binne der fjouwer pake- en sân oerpakesizzers berne. Yn harren frije tiid giene Rienk en Eke der mei harren motorkrúser op út, de “Rispinge”. Mei de Ljouwerter Meeuwen ha se trije kear oan de Alvestêdentocht meidien. “Moaie dagen wienen dat.” Sy ha de boat njoggenentweintich jier hân. Ek hat it stel twa kear yn Kanada west nei in freondinne fan Eke.
Yn it sosjale libben wie Rienk aktyf yn ferskate funksjes. Sa siet hy yn it bestjoer fan folksûnderwiis, wie hy siktaris en letter foarsitter fan de begraffenisferiening en foarsitter fan de fuotbalclub. Ek wie er aktyf yn kommisjes foar de âlderein, de wentebou en de merkemoandei.
Eke is yn desimber 2015 ferstoarn, sy is 97 jier wurden. Rienk: “Wy binne santich jier troud west. Ik bin myn hiele libben eins nea siik west. Oan’t in pear moanne lyn rêde ik my sels noch bêst. Boadskipje, itensiede en waskje. Foarich jier ha ik myn rydbewiis noch foar fiif jier krigen. De sûnens giet no wat minder, de auto is fuort en it iten krij ik no thús besoarge. Mar mei help fan de thússoarch, de buorfrou en de bern rêd ik it noch wol efkes. It is spitich dat troch it firus it plande feestje net trochgean kin. We moatte der thús mar wat fan meitsje.”
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 26 december
-
Do 2 januari
-
Vr 3 januari
-
Za 4 januari
-
Zo 5 januari
-
Ma 6 januari
-
Di 7 januari
-
Wo 8 januari