Algemeen

Esther de Jong & Marrit Jellema @ De Wier, snein 20-02-2022

Yn de rin fan febrewaris 2022 sil muzikant Esther de Jong (Dokkum, 1994) acht hûskeamerkonserten jaan yn de gemeente Ljouwert. Alle kearen nimt se in Ljouwerter gastdichter of -muzikant mei.

Esther de Jong. Foto Marleen Annema

Dizze middei is te gast wurdkeunstner Marrit Jellema.

De ôfrûne jierren is de drompel om nei keunst en kultuer te gean aardich heech wurden. Dêrfandinne besiket de Jong dy wer omleech te krijen troch nei it publyk ta te kommen.

By de hûskeamerkonserten hopet se mei de oanwêzigen it petear oan te gean oer hoe’t sy de ôfrûne perioade belibbe ha en hoe’t se tsjin de takomst oansjogge.

De Jong wie yn 2019 winner fan de Friese Popprijs en makket Nederlânsktalige deiboekmuzyk. Yn 2020 ferskynde har debút Van Mij (een EP mei seis lieten) by Excelsior Recordings. Earder foarme se mei Jamila Faber it elektropopduo Oh, Kutjes. Se wurket oan in folslein album dat ek by Excelsior ferskine sil.

 

Oanmeldings foar dit evenement yn húskeamertheater De Wier yn Koarnjum op snein 20 febrewaris:

 

fia tel. 06-54763154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com

tagong fergees... miskien in donaasje?
Doar iepen: 14.00 oere, start: 14.30 oere.