Algemeen

Dit wie te lêzen op it briefke, dat de lêzers fan de Stienser ferline wike yn de bus krigen. Wy bakke troch!

De iepening Niels, Fardau, Annefrouke en Djille (de soan).

Op 2 april waarden Niels en Annefrouke de grutske eigners fan de bakkerij oan It Achterbosk. Op it plak dêrt al sûnt 1938 in bakkerij sit, binne se fol fleur en faasje útein set.

Nei hast 26 jier yn Stiens, en hast 38 jier eigen baas as bakker, ha Nico en Aeltsje it stokje oerjûn.

It is hiel bisûnder om de saak oerdrage te kinnen oan in jong, gedreven en enthousiast bakkers-pear. Want dy fynt men net sa mar even! Niels hat al trije jier as bakker yn de bakkerij yn Stiens syn wurk dien, en ek Annefrouke is gjin ûnbekende mear yn de winkel. 

Yn de lêste jierren is der hieltyd mear op de skouders fan Niels en Annefrouke kommen te lizzen, en se binne der hielendal klear foar om it no sels te dwaan.

De earste klap is in daalder wurdich, wurdt der altyd sein. No, dan giet dat hielendal op foar de iepening fan de bakkerij fan Niels en Annefrouke. In tas fergees foar de earste 50 klanten, en fierder lekkere broadsjes en wafels, dy’t foar de winkel te krijen wiene. In springkessen foar de bern. En boppedat mochten de bern yn de bakkerij ek noch in lekker stikje oarnjekoek fersiere.

It wie in dei om nea te ferjitten. Wat in gesellichheid by en yn de winkel! 

It hichtepunt wie om 12 oere. Earst krigen Nico en Aeltsje noch de Gouden Echte Bakkersspjelde útrikt troch de direkteur fan it Gilde, Geert Caniels.

Mar dêrnei wie alle oandacht foar Fardau, de dochter fan Niels en Annefrouke. Dizze iepene de saak offisjeel, troch in stokbôle yn twaën te snijen. Fansels gong it feest de hiele middei noch troch.  In prachtige start fan hopelik in protte geweldige jierren op It Achterbosk. Nico bliuwt noch as bakker wurksum, foar Aeltsje wie it freed 1 april de lêste wurkdei. De rook fan farskbakte bôle bliuwt en wy hoopje dat jimme dat noch hiel lang rûke meie yn Stiens

 

Niels en Annefrouke

Nico en Aeltsje