Algemeen

Eksposysje 'Besiele troch Fryslân' yn Tresoar Ljouwert

Fan 9 oktober 2020 ôf o/m 28 febrewaris 2021 is yn Tresoar de eksposysje 'Besiele troch Fryslân' te sjen. 'Besiele troch Fryslân' is de opfolger fan de slagge eksposysje 'Besiele troch Alma-Tadema', dy't 4 jier ferlyn yn Tresoar te sjen wie.

Foto: Saskia Wagenvoort

Foar 'Besiele troch Fryslân' litte 30 keunstners fan FRIA, 'de beroepsvereniging beeldend kunstenaars in Noord-Nederland', har ynspirearje troch de lânskippen, tsjerkjes, minsken, it Waad, de loften, feestjes, blommen, it ljocht, de kleuren, fergonklikens en skientme...

It ferskaat oan dissiplines wêr't yn wurke wurdt is grut: skilderijen, tekeningen, etsen, fotografy, sieraden, tekstylkeunst en objekten.

Dielnimmende keunstners binne:

Jan Adamse 

Eva Ouden Ampsen 

Suzan Bosch 

Wia Bouma 

Hennie Broers 

Ellen Cohen  

Hennie Dijk 

Gwendolyn van Essen 

Evert Esselink  

Eduard Frieser 

Ger de Groot  

Rommy Hofstra 

Truus Huijbregts  

Jan Huitema 

Happy van der Heide 

Dolly Leemans  

Floor van der Leun 

Joke Lunsing 

Renee Otter  

Jenny Piso 

Han Reeder 

Wim Reimert  

Joke Schepers 

Joke Stapensea 

Sonja Steensma 

Saskia Wagenvoort  

Bert Wedman  

Anke Wijnia  

Oesje Zegel  

Anja Zwanenberg 

Bist wolkom by dizze fariearre eksposysje op de iepeningstiden fan Tresoar. De tagong is fergees. Yn't foar oanmelde is net nedich. Wol graach efkes melde by de baly