Algemeen

Echte Bakker de Groot is glansryk troch de aspirantenperioade kommen en is hjirmei definityf kaam by it Gilde fan de Echte Bakkers.

Echte Bakker de Groot bliuwt
de waarme 'Echte Bakker' yn Stiens

Nei de oername fan Bakkerij Nico en Aeltsje de Groot yn april dit jier, gie de aspiranten perioade yn. Tidens dizze perioade waarden der ferskillende produkten ôfnommen en keure. Om in Echte Bakker te wurden, moatte jo oan strange easken foldwaan. Nei seis moannen is it slagge en hearre hja offisjeel by it Echte Bakkersgilde. De direkteur fan it Echte Bakkersgilde kaam lâns mei in prachtich bosk blommen om dit te fieren.