Algemeen

Earelidmaatskip foar Durk Reitsma

Nei jierren fan krewearjen foar de Dokumentaasje Stifting kaam fan’t winter it beslút fan Durk Reitsma om ôfskied te nimmen fan de wurkgroe

“Ik bin 90 wurden, en it wurdt tiid dat ik mei pensjoen gean”.

Reitsma hat jierren in wurkgroeplid west, dy’t altyd oan it sneupen wie, en mei nije feiten kaam. Der binne ferskillende publikaasjes fan syn hân.

It bestjoer fan de Dokumentaasje Stifting hat dêrom besletten, om Reitsma it earelidmaatskip oan te bieden. Hy is it tredde earelid fan de Stifting en hat dit mear as fertsjinne.

De oarkonde waard oanbean troch Aeltsje de Groot, skriuwer fan de Stifting. Op de foto it oanbieden fan de oarkonde