Algemeen

Dizze kear in pear stikjes út myn boekje "Hat heit wolris ferstân sjoen." Yn dit boekje steane 80 bysûndere ferhaaltsjes oer gewoane minsken, dy wier bard binne! Dizze twa geane oer de Sinteklaze tiid.

'k Wit net of it no noch bard mar doe ús bern lyts wienen wie it, om Sinteklaas hinne, de gewoante dat wat gruttere bern, as ferklaaide Sinteklazen en Piten, by de doarren lâns gongen.

Se kamen rûn iterstiid hinne by húshâldings mei lytse bern om dêr pipenúten te struien.

As der yn dy tiid by ús oanbelle waard gienen wy yn optocht nei de doar.

Meastal, as wy de foardoar iepen dienen, fleagen de pipenúten ús om 'e earen en somtiden gie it sa mâl dan fûnen wy se werom yn de fetpanne of tusken de jirpels en de griente! 

Om dat te foarkommen die ik letter earst de keamersdoar mar ticht!

No hie dat dizze kear eins net nedich west, want dit wienen twa súnige Piten.

Miskien hienen se thús wol sein wat der oer bliuwt is foar jim sels en woenen se wat bewarje, betink ik der no by, dat wit ik dus net, mar it soe samar kinne!

Hawar, nei 't we de doar iepen dien hienen rôp de grutste: 'Zijn hier ook stoute kinderen?' en ûndertusken raamde se omraak mei in ryske (in roe) op de foardoar om.

Wylst ik sei dat der by ús echt gjin stoute bern wennen makke de lytste de sek iepen en die dêr in graai yn. De hollen fan de twa sebeare Piten kamen ticht by mekoar en tegearre telden se wat de lytste yn 'e hân hie! ' Ien, twa, trije, fjouwer!

De lytste goaide doe mei in swaai de fjouwer pipenúten de gong yn en sei:' Fjouwer, foar elk ien!'

Krekt as oare kearen betanke ik de beide Piten hertlik, wêrnei 't sy de sek en it ryske ferruilen en wei waarden yn de dûnkere jûn! 

Ien foardiel hie dy súnichheid wol, want de bern hienen dy kear net lang wurk om dy fjouwer pipenúten op te sykjen en sadwaande sieten wy dan ek al gau wer oan de itenstafel!

 

 

It twadde ferhaaltsje giet oer in jonkje fan in jier of seis dy mei syn heit, mem en broerke yn it súden fan it lân wenne.

As juffer op skoalle, ein novimber, freget as der ek ien fan de bern in oar Sinteklaasferskes kin stekt it jonkje de finger omheech en seit dat er wol in Frysk ferske kin.

Mar as er it yn de klasse sjonge sil giet it net sa as er tocht hie en dêrom freget er dy jûns oan syn heit om in ferske nochris foar te sjongen.

De heit begûn: "Sinteklaas rydt op syn hynder,"

It jonkje song it nei.

Heit: " troch de hege wite snie."

Dy rigel siet der ek sa mar yn! 

Heit: " En hy harket oan de rúten,"

Doe bliuw it stil en de heit sei: ' Toe mar, sjong it mar nei.'

Jonkje: ' Dat zing ik niet!'

Heit: 'Waarom niet?'

' Dat is een vies woord, dat mag niet fan juf!'

' Wat is een vies woord? Rúten?'

' Nee, die andere!'

' Welke andere?'

' Nou, har k.....!' flústere er sêft.

 

Ja...... en doe, sille jo tinke!

No, neffens de famylje sille se dêr foartoan, by dit ferske, Sinteklaas mar lústerje litten ynpleats fan harkje!

En dat kin fansels ek krekt sa goed! λ

 

Etie Pasma

Hijum 2020

 

Dit boekje is noch by my te keap. Miskien in aardich kadootsje? 

etie.pasma@hotmail.com