Algemeen

Column: Ubuntu

Om te begjinnen sil ik earst noch even wat dúdlikheid jaan oer ús “ophâlden mei wurkjen”. It is de bedoeling dat ik in stap tebek doch op 1 jannewaris. Oername fan de saak is dan noch net oan de oarder, dus it bliuwt foarearst noch bakkerij Nico en Aeltsje. Nico bliuwt gewoan oan it wurk, al sil it wol wat minder wêze.

Achter de skermen sil ik ek myn dingen noch dwaan, foaral op adminstratyf gebiet. Mar fan de winkel en it deistige geregel sil ik ôfskied nimme, sadat der romte is foar nije dingen. De ein komt pas defintyf, as wy de saak oerdrage kinne oan in nije generaasje. Waarvan akte! 

Dan: Ubuntu. Yn in nije searje op de t.v. reizget Waldemar Torensma troch hiel Afrika, fan súd nei noard. As der gjin koroanafirus west wie, hie ik no heechst wierskynlik ek wer yn Afrika sitten, by de susters yn Oeganda. Of yn it resort oan de Nijl yn Jinja. Afrika, sa fol tsjinstellingen, sa fol earmoede, sa fol kleuren, Afrika, sa fasinearend, dat men der elke kear wer hinne wol.

Ubuntu, dit begrip neamde in jonge (swarte) Afrikaan yn in petear mei Waldemar.  Minske wêze mei de minsken. In minske kin net earder minske wêze, dan as er libbet mei en foaral foar oare minsken. In minske is lokkich, as in oar minske lokkich is, en lijt as in oar lijt. Dit binne noch mar in pear definysjes. Ubuntu is in wize fan libjen, fan mei elkoar libjen.

As men dan oan sa’n reis troch Afrika begjint, dan is dat in hoopfolle gedachte om mei te nimmen. En it is ek wat ik elke kear wer tsjin kom, as ik yn Oeganda bin foar “Bake for Life”. De Little Sisters, dy’t ek libje fanút dizze “Ubuntu”. Dy’t eigenbelang oan de kant sette, en harren libben yn tsjinst stelle foar al dy ferhûdûkte minsken. Minsken, dy’t troch dizze susters in minskweardich bestean krije. Fan ien fan dizze suster hearden wy twa jier lyn, dat “ubuntu “ net foar elkenien in fanselssprekkendheid is. Noch altyd is der in protte korrupsje by bestjoerders en “top”minsken, ek yn it redelik stabile Oeganda. Noch altyd binne der in protte minsken út op selsbelang, op selsferriking, út op macht, oer de rêgen fan oaren hinne. En dan giet it om “eigen”minsken, dus mei in donkere hûdskleur...

Ubuntu, in prachtich Afrikaansk begrip, mar ek dêr binne minsken, dy’t it net snappe...

En hoe sit it hjir yn Nederlân, yn Fryslân? Hoe binne wy minske, no’t it koroanafirus wer om him hinne grypt? No’t wy beperkt wurde yn ús bewegingen. Net mear even út iten, net mear even in terraske pakke. Mûlekapkes op. Tinke om in oar. Yn maart wie it deastil op strjitte. No liket dat net mear sa te wêzen. Wurde wy wurch fan al dy rigels? Of binne wy der al oan wend, en geane wy gewoan ús eigen gong? Ik ha it gefoel, dat ik myn “gewoane” libben wol libje kin. Mar dat gewoane sjocht der dochs wol oars út as in jier lyn. Doe gongen wy sûnder problemen in wike nei België. Doe wiene der gjin mûlekapkes. Gjin skermen yn de winkels. Gjin 1,5 meter ôfstân. Gjin jierdeibesite mei trije minsken. Doe wiene de restaurants iepen, koene der in hiele protte minsken yn de winkel..Gean sa mar troch. Dus hoe gewoan is it libben no noch?

Wy sille it folhâlde moatte. En wy sille foaral oan dat Afrikaanske “ubuntu” tinke moatte. It giet net earder goed mei my, dan as it mei de oar ek goed giet. Dus sille wy der mei elkoar foar soargje moatte, dat it mei de oar goed giet. En wa wit, misskien wurdt alles dan ea wol wer gewoan gewoan.

Ut it Súd-Afrikaans itensiedersboek no in resept fan maisbôle.

Ingrediënten

2 aaien

125 ml molke

400 gr sûkermais

250 gr maismoal

250 gr cakemoal of bloem

1 tl bakpoeier

in snufke sâlt

2 ytl sûker

siedens wetter

 

Ming de aaien, molke en sûkermais mei in mikser. Seevje it maismoal, cakermoal, bakpoeier, sâlt en sûker, en doch it troch de rest. Jit it mingsel yn twa ynfette bakblikken. Doch der aluminiumfoolje oer en set it even fêst mei in toutsje.

Set de bakblikken yn in grutte panne mei sa’n 5 sm siedend wetter. Doch de panne ticht en stoom de bôle gear op in middelheech fjoer. Even prikke mei in breipen of in mes, as dat der skjin út komt is de bôle gear.

Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.