Algemeen
Column: TILLEFOAN
Column fan Henkiefandepolderdyk oer de mobiele tillefoan
Doe’t ús âldste bernsbern efkes by ús wienen en wy yn ’e coronastân efterhûs sieten, pakte ien fan harren myn tillefoan, dy ’t op it taffeltsje lei dat tusken ús yn stie. “Dat hâldt ek net oer”, waard der wat skimpend sein, nei’t se ris op in pear knopkes drukt hie. “En sa’n merk wol men ek net mei yn ’e bûse omrinne”, koe ik mar oanhearre.
No kinne dizze beide froulju harren wat it ferhaal oanbelanget skoan rêde. Hja sitte wat leeftiid oangiet sa’n bytsje tusken de dweil en de handoek yn. Mei kâld waar de simmerklean oan en as it smoar hyt is de wintertrui. Jongfammen, mar noch gjin froulju. Mar harren dwaan en litten, en foaral harren praat mei ik wol oer. No siet ien fan de beide mei myn tillefoan yn ’e hannen en dy waard fan alle kanten ôfkreake. “It hat mar 16 gb, wat kin pake dêr no mei?” “Dy fan my hat 32gb en harres hat 64gb”, kaam der efteroan. Hja prate oer in tillefoan as hong de wrâld derfan oanmekoar.
Ik wit noch dat wy yn it begjin fan de sechstiger jierren tillefoan krigen efter de Polderdyk. No krigen? Der moast doe grou jild foar op ’t kleed lein wurde, ek om’t wy ûnder in “buitengebied” foelen. Der waard fan út de bewenne wrâld wei 400 meter tried oan de elektrisiteitspeallen befêstige en wy koenen fan om de hoeke fan ’e doar neist de trep mei in swarte bakeliten tillefoan mei draaiskiif it gesprek mei de wrâld oangean. No wie dat mar beheind, want tillefoan wie foar grutte boeren, dokters, feedokters en sakelju. Wy wienen wat dat oanbelanget in útsûndering, om’t wy gjin grut boer wienen. Mar foar ús, sa efterút wenjend, wie it in útkomst. It wie ek wer net sa dat wy dêrtroch mear kontakt mei de famylje hienen. Nee, want dy hienen ek gjin tillefoan.
Doe’t ús heit en mem yn 1966 fan de pleats gienen, gie de tillefoan net mei. Wie ek net nedich en dêrtroch ferfoelen hja wer yn it âlde. It wie noch hieltyd dat de brievepost de oerhân hie. De leafde gie ek net troch de tillefoan mar mei de post. Ein santiger jierren doe’t wy hjir al in jier as wat wennen krigen wy út saaklik eachpunt sels tillefoan. In nijmoadrige ljochtgrize tillefoan dy’t yn ’e keamer op in taffeltsje stie. In foarútgong op it sakelike mêd, mar net nei ús eigen famylje, want dy hienen doe noch gjin tillefoan.
It sil sa rûn de ieuwikseling west hawwe dat wy te meitsjen krigen mei de mobile tillefoan. Us bern wienen der wei fan en rieden ús ek oan om mar sa’n ding te nimmen. Ha wy ek dien. In handige tillefoan mei display en druktoetsen, mar miskien krekt wat te swier foar it boppebûske fan’t boesgroen. Us bern binne fan doe ôf yn it sirkwy kaam, dat hja al rillegau in oare tillefoan ha moasten om’t de âlde syn kapasiteit alwer efterhelle wie. Ik wit noch dat ien fan ús bern, in pear jier letter, myn tillefoan yn ’e hannen krige en ek fuortdaliks begûn ôf te kreakjen. Us heit wol dochs net mei sa’n koelkast yn ’e bûse omrinne. En bûtendat hat dit ding ek gjin berik. Heit moast mar in nije keapje. Doe’t ik harren fertelde dat it my yn die krisis net paste, dienen hja it foarstel dat ik ien fan harren wol krije koe at sy wer in nijen kochten. Siet wol in skuorke yn ’t display en de akku waard ek minder, mar dat hindere neat.
No siet ik hjir mei twa bernsbern dy’t myn tillefoan fan alle einen en kanten ôfkreaken. In tillefoan dy’t ik in pear jier ferlyn noch fan de pakesizzers op myn ferjierdei krigen hie. In tillefoan mei fan alles der op en oan en dêr’t ik oerhinne strike moat om him oan de praat te krijen. Deselde pakesizzers kreakje no in tillefoan ôf dêr’t ik krekt in bytsje mei oan went bin. “32gb is wol it minste wat pake brûke moat, 64 wie noch better om’t pake ek in protte foto’s en frjemde filmkes opslacht”, waard my ûnder de noas drukt. Skynber dat sy better witte fan wat op myn tillefoan stiet as iksels. Doe’t sy my fertelden wat sa’n tillefoan koste, haw ik him mar gau wer ôfpakt en yn ’e bûse dien. Doe hat pake harren efkes útlein hoefolle AOW en pensjoen pake en beppe barre en dat der net sa’n djoere tillefoan ôf koe.
Hja kamen doe mei it foarstel dat pake mar mei harren nei de kassen fan Wier moast om tomaten te plukken. Dan koe pake wol in nije tillefoan fertsjinje. It like mei net goed ta. Doe gie by ien fan harren in ljochtsje baarnen. By harren thús lei noch wol in brûkte tillefoan fan 32 gb yn in laatsje. Wie miskien wol wat foar pake. Moast wol wat faker opladen wurde, om’t de akku minder waard, mar fierders picobello. O ja, der sit al in skuor yn it display.
Is ’t net skitterjend sokke jongfammen, en foaral no yn de coronatiid
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december