Algemeen
Column: Simmer
As je it oer de simmer ha dan is it waar ien fan de dingen dy we wichtich fine, want wat is it noflik as je moai simmerwaar ha en súver wol bûten libje kinne. Fansels in buike op 'e tiid dat moat der al by, mar dan it leafste nachts want dan hat de natuer der it measte oan en wy ha der dan it minste lêst fan.
Wat it waar oangiet hat it begjin fan dizze simmer him fan de goede kant sjen litten, alhoewol dy útsjitter nei 30 graden wie my wat te folle fan it goede, mar it wie better as it hjerstige waar wat we op 't heden ha. Hawar de simmer is noch net om en it sil aanst wer better wurde, sizze de waarprofeten, dus we wachtsje mar ôf.
Wat neffens my op it twadde plak komt dat binne de fakânsjes!
Hjir yn it noarden binne de skoallefakânsjes al begûn en dan wol men der graach mei mekoar op út. Mar dan komme de problemen fan dit jier want wêr moatte je hinne yn dizze ûnsekere tiid? Neffens de kranten bliuwe in protte minsken dit jier thús en dat kin ik my ek goed foarstelle. Wy ha ús fakânsje yn Egmond aan Zee dit jier ek ôfsein. Om it in bytsje populêr te sizzen, wy ha dy tiid no trochbrocht yn ús eigen Tuinesie, of hintergarten, of je soenen ek gewoan 'efterhûs' sizze kinne!
It wie oars as wat we ús foarsteld hienen, mar we ha ús wol fermakke. Je kinne ommers in fakânsje fan earder ek opnij belibje troch der oer te praten of fotoboeken te besjen.
Ien fan dy fakânsjes kaam my yn 't sin en dêr wol ik jim dizze kear wat fan fertelle. Wy wienen mei twa bern nei in eilân yn de Middellânske-see wêr it yn dy tiid moai waar wie en wy wienen dan ek geregeldwei nei it strân, dat mar in meter as tritich fan ús ôf wie. Op in kear doe wy op de neimiddei wer yn ús appartemint wienen seach ik dat myn man wat op syn rjochterhân om siet te wriuwen en dêrom frege ik: ' Wat no, ha se dy stutsen?'
'Nee, ik tink dat myn trouring op de boaiem fan de see leit!' sei er. ' Och jé, wat slim,' sei ik, 'wist it seker, hy kin ek yn it sân lizze. Kom dan gean wy sykjen! 'Hy tocht dat soks gjin sin hie en soe yntusken it iten wol klear meitsje.
Mei de beide bern gie ik werom nei it strân. It wie dêr no folle rommer as earst, mar krekt op it plak wêr wy sitten hienen siet no in Japanske famylje dy 't bestie út heit, mem en fjouwer bern en wy begûnen mar om harren hinne te sykjen. Sy hienen yn 'e gaten dat we wat misten en de man frege my dan ek yn it Ingels: ' Binne jo wat kwyt?'
Wylst ik nei myn ringfinger wiisde antwurde ik: 'Ja, myn man syn trouring!'
Wat de man doe krekt sei dat kin ik jo net fertelle, it wienen núvere wurden mar ynienen lei wol dy hiele Japanske famylje foar ús op de knibbels en wy? No ja, wy knibbelen dêr ek mar by del. Sa ha wy dêr meimekoar hiel wat fjouwerkante meters omploege mei de hannen, dat elk sânkerltsje hat dêr wol in kear as wat fan 't plak west, mar de ring ha we net wer fûn. Myn man wol gelyk, syn ring wie fêst yn de Middellânske-see bedarre! No moatte je as skriuwster wol wat fantasy ha, al moat it fansels yn alle ridlikens wol mooglik wêze. Mar ik betocht dus, miskien hat in fisk dy glinsterige gouden ring wol op iten. Dat soe kinne, is 't net sa? En stel, dat dy fisk fongen is en by it slachtsjen hat in man dy ring fûn en him omdien! Hy moast passe fansels, mar ek dat soe samar kinne, no? Dan soe dêr no earne in man omrinne mei in ring om 'e finger wêr de namme Etie yn stiet. It jout my wat in raar gefoel, mar it frjemdste is dat ik dan no twa mannen ha!
Ja, it soe kinne, mar foar it selde jild ek net!
Dat wie de fakânsje fan doe, mar der barre ek wol ris frjemde dingen tichter by hûs. Sa trof ik lêst in man dy net wist dat dizze column fan my wie en tocht dat myn foto sawat fan de foarige ieu wie. No is dy foto goed twa jier âld en it ienige wat der yn dy tiid feroare is dat is dat ik in pear jier âlder wurden bin en yntusken in oare bril en nije glêzen krigen ha.
Op heitedei dit jier wie it moai waar en ien fan ús jongens hat doe efterhûs wat foto's makke wêrûnder dizze. Ik tocht, dy moat dizze kear mar by myn column dan kin in elk sjen hoe ik der op 't heden útsjoch en ek wat ús fakânsje plakje wie dizze kear!
Wy ha ús dêr efterhûs wol fermakke en ik hoopje dat ek jo, wêr jo de fakânsje ek trochbringe, in moaie simmer en in moaie simmerfakânsje temjitte gean en dêrnei wer sûn en wol it gewoane libben wer oppakke kinne!
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Di 24 december
-
Wo 25 december
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december