Algemeen

It hat sa’n acht jier ferlyn west dat ik ek ris dreamde fan in frij Fryslân. Ik ha der doe wat mei dwaande west, mar it hat net oanslein.

Fjouwer wike ferlyn kaam it wer te praat, doe’t ik earne oan in grutte tafel yn petear kaam mei in man út Holwert. It begûn oer ‘Holwert oan see’ en it einige mei in frij Fryslân. It gie der ek oer, dat as der wat reboelje is, der dan samar nije dingen ûntstean kinne, foaral as der argewaasje is. “Dan moatte minsken tinke en geane sommigen wolris harren frjemde dreamen efternei”, sei de man, “foaral by de rjochterlike macht en politisy kinne der dan nuvere kronkels ûntstean. Faak komt dêr ek noch ûnnoazel praat en jildfergriemerij efterwei, en wurdt de ellinde noch folle grutter”. En foar dat hy fuort gie, rôp hy: “At se wat wolle dan moatte se op sa’n momint taslaan”. 

Thús haw ik dêr oer neitocht en it ris troch myn ambachtskoallenivo omgean litten. ‘As der wat reboelje is en der dan dingen ûntstean’, spruts my wol oan. Foaral om’t in frij Fryslân altyd yn myn efterholle omtoarket. Dat waard sterker om’t wy de lêste tiid nochal wat reboelje hân ha. Earst de blokkearfriezen en no de stikstofútstjit. 

Bouwurken skine stil te lizzen, troch de stikstof. It skynt sa te wêzen dat as in boer yn Noard-Fryslân ophâldt mei buorkjen, se yn Den Haag in flat bouwe kinne. My tinkt, as jo sa tinke, dan hawwe jo wol in ferskriklik rare dream hân. En as minsken om ús hinne sokke rare dreamen hawwe, kinne wy dan net in bytsje foarsichtich tinke fan: Wy Friezen kinne ús sels wol rêde. Wy Friezen binne it oare part fan Nederlân net nedich om foar ús en ús neiteam in goeie brogge te fertsjinjen. Mar dan wol as in frij lân en net ôfhinklik wêze fan de regeltsjes fan Brussel. Ik tink dat wy ús skoan rêde kinne. Wy hoege úteinlik mar 650000 mûlen iten te jaan. En iten is der genôch. Foaral de suvel sil yn ús ekonomy fan grutte wearde wêze. Troch it tal boeren dy’t wy hawwe, is der in moaie protte molke te ferwurkjen.

Molkeprodukten dy’t wy foar in grut part wol oan it bûtenlân kwyt kinne. Net allinne molke, mar ek ús earappels wurde wiidweidich ferkocht. En ferjit net dat Fryslân yn it toerisme ek goed meidwaan kin. We hawwe griene greiden, marren, bosken, it Waad, de eilannen en straks ek noch ‘Holwert oan see’. En sa goed at de Sinezen Giethoorn ûntdekt ha, kinne se ‘Holwert oan see’ ek ûntdekke. 

Ik sjoch ynkomsten genôch. Foaral hannel mei de lannen dy’t harren straks frij meitsje sille fan de Europeeske uny. Want as Ingelân it klearspilet, dan komme der mear. Wy hawwe Harns as seehaven en fiskersboaten by’t soad. En om’t de helte fan de sleat by it hûs heart, heart de helte fan it Yselmar by Fryslân en dêrtroch kin de haven fan Laaksum ek wer opbloeie. Enerzjy hoege wy ek net oer yn te sitten. Der stean hûnderten wynmûnen en bunders sinnepanielen. Bûtendat sit der ek noch wol in bytsje gas yn ’e grûn. Meimekoar mear as dat we sels opkinne. Ik sjoch in gouden takomst foar Fryslân. Dan meie wy wer Frysk tsjinmekoar prate. Op de legere skoallen giet alles yn it Frysk, mei ien oere Nederlânsk yn ’e wike. Yn it heger ûnderwiis kin men bûten it Ingelsk, Dútsk en Frânsk no ek Nederlânsk as ekstra taal yn it pakket krije. Foar sa’n frij Fryslân moatte we wol in man as frou hawwe dy’t it saakje yn ’e stringen hâlde kin. Neffens my is Arno Brok, ús kommissaris, dêr poer geskikt foar. Lit syn widze dan net yn Fryslân stien ha, hy behearsket yn alle gefallen de Fryske taal folle better dan de measte Sinezen dy’t hjir al fyftich jier in restaurant hawwe. Ik tink dat Brok de juste man is. Ien brok enerzjy dy’t mei elkenien prate kin. Strang wêze, mar ek leafde útstriele. Sis mar in man, dy’t as in mich ferfelend is, him  earder fuortjaget dan dat hy him deaslacht. En as Haadman Brok syn jierdei fiert, dan stekke wy ús Fryske flagge út. De Fryske flagge dy’t straks, wat my oanbelanget, ek wer op alle molkepakken komt te stean. In frij Fryslân, mar wol mei in stekje deromhinne, want it moat gjin “eldorado” wurde fan minsken sûnder rjochterhannen.  

Doe’t wy foarige wike wer oan dyselde grutte tafel sieten kaam ik ek wer yn petear mei de man út Holwert. Doe’t ik him útlein hie, hoe’t ik oer in frij Fryslân prakkesearre, sei ik tsjin him: “Om’t der op ’t stuit nochal wat heibel is moatte se no taslaan. Se kinne der, wat my oanbelanget, moarn fuort-daliks wol mei útein sette”. 

“Dat soe kinne”, sei de man, “mar ik woe dochs leaver efkes wachtsje oant wy de subsydzje, dy’t Brussel ús tasein hat foar ‘Holwert oan see’, yn ’e knip hawwe”. Ik koe him ek gjin ûngelyk jaan, mar foar dat soks op ’e bank stiet is de reboelje al lang wer út ’e loft. Spitigernôch sil it frije Fryslân ek dizze kear wol wer by in dream bliuwe.

www.henkiefandepolderdyk.nl