Algemeen
Column: Oprêde
Troch: Eti Pas
Oprêde dat moat elk sa no en dan want oars ha je op 't lêst gjin plak mear yn je eigen hûs! No it Coronafirus hjir tahâld, stie lêst yn 'e krante, ha der in protte minsken oan it kast oprêden west. De ynsammeler fan brûkte klean murk dat ek, want op in stuit joech er troch dat se te folle spul hienen en dat wy de rest noch mar efkes bewarje moasten.
Sels ha ik ek oan it oprêden west en och hea, dêr kaam ik myn âlde boartespop tsjin. Dy pop ha ik yn de fiiftiger jierren ris op 'e jierdei krigen fan de beppe dêr 't ik nei neamt bin. Dy beppe wie wat namsiik want ik wit net of myn broers en suster ea sa 'n djoer kado fan har krigen ha.
Hawar, in skoftke foar myn jierdei mocht ik mei mem en beppe nei Ljouwert om dêr in nije pop út te sykjen. Dêrfoar moasten wy yn de Doelesteeg te Ljouwert wêze, sei beppe, want dêr wenne in poppedokter dy net allinnich stikkene poppen wer 'better' makke mar ek poppen te keap hie! Dat wie geweldich, net allinnich om 't ik in nije pop krije soe, mar ek om 't ik mei nei Ljouwert mocht, want hoe faak gienen je doe as bern mei de bus nei de stêd?
By de poppedokter mocht ik út ferskillende poppen kieze mar beppe fûn dat ik foaral in sterken ien útsykje moast. Of er no sterk wie of net, myn kar foel op de pop mei in leaf kopke.
'Dat hast goed útsocht, want it is in echte skyldpod-pop (schildpad-pop) en dat binne hiele sterke, dy geane in libben lang mei!' sei de man. Hy wie in echte keapman, want hy wist wat beppe sein hie EN dat sy betelje soe. Hy liet har dêrom it merkje fan in skyldpod sjen, dat op de rêch fan de pop siet en sei: 'Dizze pop is like sterk as it skyld fan in skyldpod en jo witte wol, dy binne sterk!'
Beppe knikte. Ja, dit like goed. Dy pop moast it mar wurde en se helle de beurs út de bûse.
De pop koste sa'n 25 gûne, wit ik noch, en dat wie yn dy tiid in protte jild. Hy kaam yn in doaze, mei moai ynpakpapier der omhinne en sa naam beppe har mei nei hûs, want ik krige myn kado net earder as op myn jierdei. Ik wie der hiel bliid mei en ha der in soad mei boarte!
Mar dat wie net alles wat der barde op ús reiske nei Ljouwert, want we moasten ek oanstekke fan beppe. Mem sei dat we wol nei de Hema koenen, mar beppe seach yn de Doelesteeg, yn de buert fan de poppedokter, op in rút "koffieshop" stean en sei: ' Wat sille wy fierder rinne, hjir ha se ek kofje en se sille foar Etie fêst wol in glêske ranja ha!'
Yn dy "Koffieshop" wie it oe sa dûnker, it rûkte dêr frjemd en it wie dêr grizelich, fûn ik.
Der kaam in grutte man by ús wêr ik súver wat bang foar wie.
Beppe bestelde by him twa kopkes kofje en in glês ranja foar my.
'Koffie? Wolle jo kofje? Mar dy ha ik net klear!' sei de man.
Beppe hie en die it har wol oan tiid en sei: 'Dan mar gau in potsje sette!'
De man seach net sa freonlik, mar beppe wie net bang en joech har breedút del op in stoel. Nei in hiel skoft kaam er mei twa kopkes kofje del, mar hy hie foar my gjin ranja.
'It famke moat noch ranja ha.' sei beppe.
'Wy ha gjin ranja, mar wol Cola!' sei de man.
'Wat is dat no wer?' frege beppe.'
'Frisdrinken!'
'Jou har dat dan mar!'
En dêr ha ik doe foar it earst Cola hân. Ik fûn dat rare brúne spul, wêr je fan boere moasten en wat je prike yn de noas, beslist net lekker en liet it stean! Beppe sei dat ik it perfoarst opdrinke moast want it wie djoer genôch! Mar neidat sy it sels preaun hie, fûn ek sy dat it raar guod wie en mocht ik it stean litte. Mem en beppe ha dêr doe gjin twadde bakje hân, want kofje sette koenen se dêr ek net, neffens beppe!
Alhoewol de poppedokter sein hie dat de pop in libben lang mei gie, wie dat sa net, want nei 't se ris fâlen is, lei har earm oan gruzeleminten en miste der in stik fan har foet. Doch koe ik har doe net fuort dwaan. Mar no, no 't se wer foar 't ljocht kommen wie, wie har tiid kommen en naam ik har mei nei de keamer om har fuort te goaien. En dêr sit se no al in fearnsjier stjin 'e muorre wylst se eins al lang yn de ôffalbak lizze moatten hie, mar dat kin ik noch altyd net oer myn hert krije.
Nostalgy, tinke jo ek net?
No ja, nostalgy of net, ik ha har dêr mar op 'e foto set, dan ha ik dy altyd noch, is 't net sa?
Want ea, ja ea sil se echt oprêden wurde mar no noch 'efkes' net! λ
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Di 24 december
-
Wo 25 december
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december