Algemeen
Column: Op nei âld en nij
Sa op nei âld en nij, noch efkes it jier oereidzje en dan tink je, wat wie dit in frjemd jier! Wa hie ea betinke kinnen dat we fan maart ôf gjin jierdeis mear fieren mochten mei de hiele famylje en gjin peaske of sa as de ôfrûne wike in kryst mei mar trije iters! Doch hoopje ik dat jim, krekt as wy moaie krystdagen hân ha.
En dan stiet no de jierswikseling foar de doar en ik fertel jo neat gjin nijs as ik sis dat ek dy oars wêze sil as oars! Mar no moatte we net te bot seure want tiden ha tiden en feroaringen ha der altyd west, want sa as we eartiids âld en nij fierden dogge we it no al lang net mear.
Sis mar sa 'n 60 jier ferlyn sieten we earst net foar de tillevyzje om nei Youp van 't Hek te sjen om dêrnei it sierfjoerwurk ôf te sjitten, gewoan omdat wy gjin tillevyzje en gjin sierfjoerwurk hienen. It fjoerwurk bestie doe út 'voetzoekers' en 'gillende keukenmeiden' Hoe it hjir doe wol gie wol ik jim no wat oer fertelle en de âlderen sille dat fêst noch wol witte, want ik tink net dat Hijum it ienige doarp wie wêr yn dy tiid wolris wat barde!
It jongfolk hie doe al wiken dwaande west om te betinken wat se ris úthelje soenen mei âld en nij. No sis ik al it jongfolk, mar dat betsjut eins allinnich de jongens, want wy as famkes belibben it eins allinnich mar mei fan ôf de sydline en dan noch allinnich as je broers hienen en dy hie ik! Meastal fersleepten se guod wat net fêst siet want it wie in ûnbeskreaune wet dat je guod wat fêst siet net meinimme mochten, mar wat los stie wol en dat lei dan de oare moarns oeral yn it doarp, meastal midden op 'e dyk. By ús, en op de measte buorkerijen, waard alles wat los siet opburgen. It lytse guod kaam op âldjiersdei, nei it melken, yn it bûthús en it grutte spul waard opburgen yn skuorren of hokken. It begûn âldjiersjûn al betiid om goed 7 oere hinne, as de minsken yn tsjerke sieten. It jongfolk dat thús bleaun wie hong ûnder tsjerketiid de fytsen fan de tsjerkegongers yn de beammen of draaiden de sadels fan de fytsen om. Jo kinne je foarstelle dat soks, as de minsken út tsjerke kamen, in hiele opstiiging joech en de "daders" stienen dat, op ôfstân, wat spytgnyskjend te besjen! Om 12 oere begûn it foar de jongerein. Om de plysje wat te klieren mei fjoerwurk wienen der twa ploegen jongfolk, de iene op de noardkant fan Hijum en de oare oan de súdkant en as de plysje dan del kaam op de iene kant, dan wie dêr alles stil en plofte it omraak op it oare ein en krekt oars om. Se wienen doe echt wol op de hichte wêr de plysje wie, ek al hienen se gjin mobyltsjes om soks troch te jaan! Mar as de ljochten yn 'e húzen of boerepleatsen út wienen en de minsken op bêd dan begûn it echte wurk. Se strúnden dan alles ôf en namen mei wat los stie en se verslepe koenen.
Yn dy tiid hienen in soad húzen noch gjin WC mar in tonne ( in poepdoas) en dy tonne koenen je oan de bûtenkant fan it hûs der út helje! Dat barde dan ek en as de misken dan de oare deis nei 't húske moasten dan foel it gewoan op 'e grûn en moast dat troch de bewenners oprêden wurde. Op in stuit begûnen se de rúten mei wit-kalk op te fervjen en as je dan moarns ûnder kamen wie it sa goed as tsjuster yn 'e hûs. De oare moarns wie it bûten dan wol hiel gesellich, want alle froulju wienen dan al betiid oan it rúthimmeljen! En dan dy kear, sa as op de foto te sjen is, dat in stikmannich jongens, wêr ûnder twa fan myn broers, betochten dat der wat oan it bushokje gebeure moast. It stonk dêr by tiden sa, want it waard wolris brûkt as pishokje en as je dan mei min waar yn it bushokje skûlje woenen wie it dêr net te hurdzjen. Se betochten om der WC en sa op te kalkjen, mar omdat der gjin wyt-kalk foar hannen wie en ien noch in protsje ferve yn it hok hie te stean brûkten se dat mar. Wêr se net op rekkene hienen wie dat de plysje der op ôf kaam. Se woenen gjin spul mei de 'rechterlijke macht' en dêrom gienen se, op in nacht, mei de hiele ploech wer nei it bushokje en besochten de ferve der mei ' zoutzuur' ôf te krijen, mar dat slagge net en och hea, ien hie harren sjoen en sa krigen se allegearre de plysje oan de doar! De jongens waarden goed tasprutsen, krigen in warskôging en moasten it hokje himmelje, mar se krigen gjin bekeuring of straf. Ik sjoch se dêr noch, op in middei, yn optocht hinne rinnen en ik wie net de ienige, want soks luts fansels in protte taskôgers en dêrtroch hellen se ek noch de grutte kranten fan Fryslân. Sa wie en gie it doe en no wachtsje we mar ôf hokfoar jierswikseling we no krije, al is it hopelik wol ien sûnder slimme ûngemakken. En no stiet 2021 foar de doar en wat dit jier ús bringe sil, wa sil it sizze?
Wy, myn man en ik, winskje jo alfêst folle lok en seine, mar foaral in sûn 2021 ta! Of sa as in oerbuorfrou it lêst sa moai tsjin ús sei: "Tink posityf, mar bliuw negatyf! "
Etie Pasma, Hijum 2020
Laatst geplaatst
Agenda
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december
-
Ma 30 december
-
Di 31 december