Algemeen

Column: Ofskie en dochs ek wer opnij begjinne

Hjoed ha wy ús lêste fartochtsje fan dizze simmer makke. Noch in hearlike middei op it wetter, mar it is no dochs echt wer gebeurd. Oare wike de boat wer yn de winterstalling, en de simmer is echt foarby. 

Sa as elk jier jout it wer in gefoel fan mankelikes. It ôfskie fan de simmer is dochs altyd even in dinkje. Foaral de boat jout ús rêst. Want, dat betocht ik my hjoed: men kin fierder ek net folle mear as domwei wat sitte en wat om jin hinne sjen. Fansels, der kin ek in boek mei, of in puzel of wat dan ek. Mar dat doch ik no krekt net as ik op de boat sit. It is myn ultime momint fan ris hielendal neat dwaan. Dat sit dus hielendal net yn ús aard, jin deljaan is der meastal net by. Ha ik ris in kear “neat” te dwaan, dan fiel ik my allinne mar lamlendich, en bin ik bliid as der wer wurk leit te wachtsjen. Allinne op de boat leit dat krekt even oars. Twa, trije of soms noch mear oeren “neat”. En dat sûnder it lamlendige gefoel! Dêr knapt in minske fan op!

Mar foarlopich is dat wer dien, en wy fulden it fan ‘e middei fuort ek al wer yn: dàt moat der noch thús gebeure. Dàt moat der noch op de saak gebeure. Dàt kinne wy moai dan dwaan, en dat...

Ofskie fan de simmer, mar tagelyk ek al wer de kommende tiid ynfulle. It libben giet troch en der komme wer nije dingen op ús paad.

Letter op de middei krigen wy noch in filmke op de tillefoan binnen fan ús lytse pake- en beppesizzer, ûnderwilens al wer hast in heal jier. De earste kear dat se har omrôle op de búk en even letter wer op de rêch. It is sa prachtich, dat men tsjintwurdich fan alles op de hichte is, en alles meimeitsje kin. Lokkich passe wy ek noch ien kear yn de 14 dagen in dei op, sadat wy in fijne bân opbouwe kinne mei ús bernsbern yn Hilversum. Doe’t ik it filmke seach, tocht ik: nei elk ôf-skie komt wer in nij begjin. Us pake- en beppesizzer dy’t de wrâld begjint te ûntdekken: foar har is der elke dei wer in nije ûntdekking. 

Wy namen hjoed ôfskie fan de simmer, mar ek foar ús is der elke kear wer in nij begjin. It soe sa moai wêze, om libje te kinnen as in bern, dat elke kear wer nije dingen op syn of har paad fynt. Wy ha dat ôfleard, min of mear, en meitsje ús faak drok om dingen dy’t noch komme moatte. En dan meastal hielendal net komme, of hiel oars dan as wy tocht hiene. It is sa hearlik om dit no wer mei te meitsjen, sa’n lyts minskje, dat noch sa oan it begjin stiet fan dat hiele grutte, hooplik lange libben, dat safolle moaie dingen jaan kin. 

Fansels ek fertriet, teleurstelling, eangst, wy witte it mar al te goed. Mar ik bin der fan oertsjûge, dat der altyd wer in nij begjin wêze sil. De simmer is foarby. De boat leit yn de stalling. De hjerst kin rein en stoarm bringe, de winter kjeld en ellinde. Wy kinne ús begrave, djip ûnder  de tekkens. Wy kinne der ek foar kieze om it te nimmen sa as it is. Dei foar dei. Want elke dei jout nije kânsen. Elke dei is in nij begjin. Der falt noch safolle te ûntdekken en dan makket it net út as wy in heal jier binne of tachtich...

 

In lekkere bôle, sûnder gist om maklik sels te meitsjen:

Ingrediënten

400 gr. bloem

1 pûdsje bakpoeier

1 snufke sâlt

1 takje rozemarijn

2 ytl. olijfoalje

225 ml wetter

 

Ferwaarmje de oven foar op 200ºC. Beklaai in bakplaat mei bakpapier. Rits de rozemarijn en hakje it fijn. Doch de bloem mei it bakpoeier, it sâlt en de rozemarijn yn in kom en doch de oalje en de helte fan it wetter der by. Miks it mei de mikser en deechheakken rêstich troch. Doch dan de rest fan it wetter der by en kneed it deech noch even fierder. Strui wat bloem op it oanrjocht en kneed it deech goed mei de hân troch. As it in soepele bol wurdt, der in langwerpige bôle fan meitsje. Oan de boppekant ynsnije mei in skerp mes. Ynsmarre mei oalje. Noch fiif menuten lizze litte en dan bakke yn 30 oant 35 menuten

 Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.