Algemeen
Column: Oardel meter
Yn ienkear stie de wrâld op syn kop. Ien as oare firus wie út Sina oerwaaien kaam en om’t it noch ûnbekend wie, waarden de leefregels oanskerpe.
Wy as âldere minsken mochten, as it der op oan kaam, it hûs net mear út. Wy waarden frijwillich twongen om foaral de dyk net mear út te gean. Gjin hân en foaral gjin tuten mear jaan, sels jo neiste eigen net. We moasten yn ’e oksel fan ’e earmtakken prûste en foaral oardel meter fan mekoar ôf bliuwe. It nije firus behearske ús hiele dwaan en litten.
De oardel meter wie foar ús gjin probleem om’t wy in lange tafel yn ’e keuken stean ha. Sieten we earst op it lange ein tsjinoer mekoar, no sitte we beide op in koarte kant. Falt bêst ta, allinne it oanjaan fan de bûter joech noch wolris in probleem. Om’t wy noch in útfanhûzersbêd hawwe, hienen wy mei de slieperij ek gjin probleem. Geartsje hie no ek gjin lêst fan myn snoarkjen en wy koenen ús fuortendaliks deljaan.
Ynstee fan in tút foar it sliepen gean, waard it no in earmtakkestjitsje. It earmtakkestjitsje dat oars allinne mar brûkt waard as ik begûn te snoarkjen. De bern woenen de boad-skippen wol foar ús dwaan. It boadskiplistke, mei allinne de needsaaklike dingen, waard e-mailt en de boadskippen waarden by ús efterhûs op de túntafel delset.
De kranten en de televyzje fertelden ús dat dit it nije libben wol wurde soe. No ja toe dan mar, mar ik moast der net oan tinke as ik no ris krekt achttjin jier wie en der gjin feestjes mear wienen en net mear efter de froulju oanfleane mocht. Meie jo oant bier, mar is der gjin feest. Wolle jo efter de froulju oan, dan sitte jo mei dy oardel meter. Ja, Rutte kin maklik prate, om’t dy dêr miskien wol gjin ferlet fan hat.
No foel it efterôf besjoen by ús lokkich wat ta, want doe’t ien fan de bern foar de earste kear ús de boadskippen op de túntafel delsette, waard ús troch it iepen rút ferteld dat wy as man en frou gjin rekken hâlde hoegden mei dy oardel meter. Sadwaande sitte we no wer tsjinoer mekoar oer de breedte fan de tafel en kin de bûter ek samar oerjûn wurde. It sliepen ha we earst samar litten. Gjin lêst fan snoarkjen en fuortendaliks deljaan. De tút is wol werom kommen. Ek mochten wy wol yn ’e tún omtoarkje. Mar leafst net de dyk út. De auto koe yn de garaazje stean bliuwe. Nearne mear hinne, de goedkeape tiid bruts foar ús oan.“Wy kinne no ek wol in begjin meitsje om de tún wat oan te passen” waard foarsteld. “Litte we mar begjinne om it gers tusken de stiennen wei te heljen”. Mei oare wurden, der siet yn alle gefallen wol foar fjirtjin dagen wurk yn. My gers en troch alle snoeiwurk hat de biobak in pear wiken oan de harsens ta fol sitten. “Bûtendat is der ek noch wol wat skilderwurk, dat nedich barre moat”, kaam ien mei op ’e proppen. “As dit it nije normaal wurde moat”, tocht ik by mysels, “dan stiet my noch hiel wat te wachtsjen”. Alle besteande plannen waarden yn ien kear omdraait nei nije plannen. Us foarnimmens om mei de Pinksterdagen mei de karavan nei Gaasterlân te gean, waard omset nei de skuttings yn de tún fervje en op in oar plak delsette. De tún is no klear en it gers is alwer foar de twadde kear tusken de stienen weihelle. Fan it regear is it allegear wer wat rommer wurden. Wy meie wer wat mear, mar wy sitte noch wol hieltyd mei dy oardel meter en yn ’e bus moatte wy in mûldoekje drage. Deselde mûldoekjes dêr’t it regear earst neat fan witte woe. Prûste moatte wy noch hieltyd yn ’e oksel fan ’e earmtakke en in hân en tútsje jaan, is der noch hieltyd net by.Wy hawwe ek alwer faker de dyk út west. Sa ha wy al wer plannen makke om mei de karavan der op út te gean, ek al om’t op de kampings de waskhokken wer iepen binne. We hawwe ek alwer nei in boumerk west om spul foar de tún te heljen, want it wie dochs net nei’t sin. We gean sa stadich-oan wer in nije normale tiid yn, in djoerdere tiid. Wy geane no sels wer te boadskipjen en der komt no wer mear yn ’e karre dan wat der op it boadskiplistke stiet. Wy komme wer by ferskate winkels, wêrûnder ek de fiskboer en de blommewinkel. Goed foar ús ekonomy.
Sa’t it him oansjen lit, binne wy der oant no ta knap trochhinne skarrele. En as ik no krekt achttjin wie dan mocht ik op in terraske in lekker bierke drinke. Efter de froulju oan soe der noch wol oan hawwe, want wy sitte noch wol hieltyd mei dy oardel meter.
www.henkiefandepolderdyk.nl
Laatst geplaatst
Agenda
-
Di 24 december
-
Wo 25 december
-
Do 26 december
-
Vr 27 december
-
Za 28 december
-
Zo 29 december