Algemeen

Column nûmer 75

It is alwer it begjin fan it sânde jier dat ik om de fjouwer wike in column foar de Stienser skriuwe mei. As ik it goed telt ha, is dit de 75ste kear. 75 kear in ferhaal op papier setten.

Om’t ik net út de literêre wrâld kom, falt it soms net ta. Want oant tsien jier ferlyn hie ik nea tocht dat ik nochris boekjes en columns skriuwe soe. Dêrom meie jim bêst witte dat it wolris harsensskrabjen is. Mar soms gean ik sitten en dan rûgelt it der samar út. Soms bin ik bliid dat ik 700 wurden ha en soms ha ik oan 900 net genôch. Hat ek te meitsjen mei wat der om my hinne bart. Foar mysels binne de dingen út myn bernetiid moai en ik kin dêr ek wol in protte fan op papier krije. Mar om’t myn bernetiid him hjir net ôfspile hat, sil it de minsken ek minder dwaan. Faak komme der ek moaie ferhalen yn de fakânsje ta stân, want dan haw ik ek kontakt mei in protte frjemde minsken. Frjemde minsken dy’t faak ek frjemde dingen dogge. Mar om alle kearen wer oer dat kampingfolk te eameljen sit ek net elkenien op te wachtsjen. 

Yn 2015 begûn mei in ferhaal oer wynmûnen en de lêste wie in ferhaal oer Rinse mei syn, n’druppie oaly. Dêr tuskenyn ferhalen oer ferskate dingen dy’t iksels meimakke ha. Ek oer minsken. Want it binne faak de minsken dy’t my oan it ferhaal helpe. 

Mar dêr leit foar my wol in grins. Soms lit ik de minsken myn ferhaal lêze om foar te kommen dat ik mei immen slaande rûzje krij as ik it yn de Stienser set. Dêrtroch is it wol foarkaam dat in column, wêrûnder de yn myn eagen moaiste dy’t ik makke ha, de Stienser net helle hat. Spitich, mar begryplik. 

Mar foar dat myn column by de drukker leit, giet der nochal wat oan foarôf. Der sit in hiel team omhinne. Want as myn ferhaal klear is dan is it Geartsje dy’t it meastal earst ûnder eagen kriget. Dan wurde de slimste flaters der úthelle en faak ek noch it ien as oare ferbettere. Dan giet it fia de mail nei myn dochter om it te lêzen at it wol goed lêsber is. As dy seit dat it goed is, giet it ferhaal nei buorfrou Aukje om de flaters der út te heljen. Dat is nedich om’t ik nea Frysk skriuwen leard ha. It Frysk praten ha ik myn hiele libben dien, fan myn earste wurdsjes ôf. It lêzen gie ek noch wol mar it skriuwen wie “knudde”. Doe’t ik myn earste boekje skreaun hie, gie ik mei de tekst nei Aukje. Ik brocht har in blau stik papier en krige it letter read werom. No is dat yn de rin fan tiid better wurden en soms sis ik wolris: “Sieten der net mear flaters yn?”. Dan komt ek wolris it probleem om ’e hoeke, dat myn praatFrysk oars is dan it praatFrysk fan hjir. Dan binne der ek wurden wêr’t Aukje fan seit, dat it net geef Frysk is. Ik sis dan wolris: “Lit it mar stean want as der al immen oer stroffelet, dan hat dy it yn alle gefallen lêzen”. Mar oant no ta ha ik der nea wer wat fan heard. As Aukje de tekst neisjoen hat, giet it nei Brandsma Offset Ferwerd, de makker fan de Stienser. En at alles goed giet kriget in grut part fan Noardwest Fryslân de Stienser tongersdei yn de brievebus. 

En no bin ik sa nijsgjirrich, hoefolle minsken der einliks binne dy’t myn columns alle kearen lêze. Mei in útjefte fan 28000 soenen dat aardich wat wêze kinne. Ik wit wol, der is in part by dy’t it Frysk net ûnder de knibbel hat, mar dan bliuwe der noch in soad oer dy’t it wol lêze kinne. 

Ik wit ek fan minsken dêr’t de Stienser, lyk as de oare blêden by harren, fan de foardoar it koartste paad nei de papierkontener nimme. Mar dêr wurdt dizze krante net foar makke. Dyjinge moast ris witte hoefolle enerzjy it my soms kostet om tusken de 700 en 800 wurden op papier te krijen. Ik wit wol seker, dat as dyjinge dy’t dit ferhaal lêst, de Stienser tenei faker iepenslacht en der dan efter komt dat it net iens sa’n rare krante is. 

Mar, wat my oanbelanget, as no 7500 minsken myn columns lêze en 2500 it sa moai fine dat se wol in boekje fan my keapje woenen, dan soe ik dit jier fuortdaliks op myn 72ste jier ek noch ien fan de bêst ferkochte Fryske skriuwers wurde.

www.henkiefandepolderdyk.nl

hfdp@kpnmail.nl

 (Foel ta neffens Aukje, acht flaters en fjouwer kear in skrapke ferjitten.)