Algemeen
Column: Nostalgy
It falt my elk jier wer op: de desimbermoanne is in moanne fan werom sjen. En eins strookt dat net mei de kristlike gedachte fan it Krystfeest. Dy leart ús dat wy yn de wiken foar de Krystdagen útsjen meie nei it ljocht dat kommende wei is, dus foarútsjen moatte.
Dochs is it minske-eigen om werom te sjen. Net allinne op it ôfrûne jier, mar hiel faak ek op in hiel libben. Yn kranten en tydskriften komme oantinkens fan krystdagen dy’t soms in minskelibben lang lyn fierd binne. It bliuwt in bisûndere moanne, de lêste moanne fan it jier. It is fansels ek de donkere tiid en faak is it suterich waar. Wy hiene no it gelok, dat wy even in koart winterke hiene, dan sjocht de wrâld der in pear dagen wat fleuriger út.
Desimber hâldt de minsken yn ‘e hûs, wy lûke ús werom, dogge ús bêst om it gesellich (en ljocht!) te krijen. En dan komme fansels ek de oantinkens oan earder. Hiel faak giet it oant de bernejierren ta. Sels ha ik der net spesifike gedachten by. Dochs is der in gefoel fan waarmte, as ik oan earder tink. Foaral it krystfeest yn de tsjerke wie in hichtepunt. It boekje dat wy krigen, en de sinasappel. Mar foaral it ferhaal dat myn heit fertelde. Ut de holle, hinne en wer trêd-zjend troch de tsjerke. In rasferteller wie it. Fierder waard Kryst gewoan fierd yn de eigen húshâldlike kring. Gjin pake en beppe der by, gjin omkes en muoikes. Elk hie syn eigen húshâlding, en grutte krystdiners wiene net oan de oarder. Fan kninen en hazzen moasten se neat hawwe, dus in “Flappie” ha wy (gelokkich) nea op tafel hân. Sa sil elk dus syn of har oantinkens ha, en soms springt in Kryst der út. Om’t it in “earste” kear hie. Of krekt in “lêste”. Ik hie it gefoel, dat dit jier de Kryst, en foaral de tiid der foar, foar my spesjaal wurde soe. Om’t it in “earste” kear is. In earste kear nei 38 jier, dat der gjin saak is. Gjin druk fan wat der allegearre noch moat. Gjin trochwurkjen oant jûns let, om alles op tiid klear te krijen. Gjin krystbeam dy’t twa wike achter hûs leit, om’t der gjin tiid is om him te fersieren.
De krystbeam stie der al in pear dagen nei Sinteklaas. En de rest fan it hûs is ek al aardich yn krystsfear. Mar earlik sein: fierder fernim ik der net folle fan. It libben giet gewoan fierder sa as oars. De ôfrûne wike siet fol mei fanalles en noch wat. Ja, dat kin no ek, en alles fult him dan fansels wer op. Ik hie my foarnommen om dit jier krystkaarten te ferstjoeren (ha in laad fol), mar it moat noch…
Wy ha noch in wike, en dan ha ik minder op it programma as de lêste wiken. Dus wa wit… Wat ik wol wit: it is altyd oars yn de praktyk, dan as men it yn de holle ha wol. It ferline is kleure, moaier makke, of krekt net. En elk jier “ferwachtsje” wy wer wat fan dy lêste wike fan it jier.
Och, as ik it hiele spul om de tafel ha, dan ìs it ek Kryst. En dan bin ik bliid en tankber, dat wy it sa fiere kinne. Dan komt, sa as elk jier, it waarme krystgefoel wol wer.
Ik winskje jimme ta, dat ek jimme ferwachtings en dreamen útkomme meie. Fijne Krystdagen ta winske!
Aeltsje de Groot
Laatst geplaatst
Agenda
-
Ma 13 januari
-
Di 14 januari
-
Wo 15 januari