Algemeen
Column: Noch ienkear Bakkerij Nico en Aeltsje
Ik ha al in skoftsje sitten te betinken, wat der no boppe dizze kollum moat. It is in nij begjin, want ik hear no by de offisjele kollumnisten fan de Stienser. Ik mei trochgean mei it skriuwen fan myn ferhaaltsjes!
Tagelyk is dit ek in ôfskie fan in lange perioade yn myn libben. Fansels kin ik it net litte, om noch ien kear as bakkersfrou werom te tinken oan al dy jierren dat wy tegearre “de saak” hiene.
Al dy jierren bin ik “Aeltsje” bleaun, mar al dy jierren wie myn namme ek ferbûn oan de bakkerij.
Bakkerij Nico en Aeltsje. In stik fan myn identiteit lei yn dy bakkerij. En no bin ik nei safolle jier wer gewoan “Aeltsje”. It fielt net as in ferlies. It fielt mear as in nije kâns. Der is in gefoel fan frijheid, omdat der romte is. In stik fan my siet yn de bakkerij. In hiel grut part fan myn libben wie de bakkerij myn libben. Ik ha it mei leafde dien, ik ha genoaten fan it wurk yn de winkel, de omgong mei minsken. Ik ha genoaten as ik aksjes en aktiviteiten betinke mocht. It wie in feestje om minsken stypje te kinnen, mei help fan safolle klanten. Fansels wie it ek wolris balen. Mei sykte, mei tsjinslaggen. Mei alwer nije regeltsjes yn de wet. It is echt net 38 jier allinne mar nocht en wille west. Mar it positive oerhearsket. Ek nei alle goede winsken, blommen, kado’s, mailtsjes, appkes fan de lêste dagen. Dêrfoar tige, tige tank!
It hat goed west. Dit gedielte kinne wy ôfslute. Nico bliuwt noch wol even bakker, mar yn tsjinst fan Niels! Fijn, dat dit allegearre sa kin. It fielt goed om jins bedriuw oer te dwaan oan twa jonge, enthousiaste minsken, dy’t fol langstme útsjoen ha nei 2 april, de dei dat hja eigen baas wêze soene. Se ha der in fantastyske dei fan makke, en ek wy koene dêr folop fan genietsje.
No wer fierder. Ik tink, dat it yn myn aard sit, om foarút te sjen. Wat west is, is west. Wy hawwe ús bêst dien om der wat fan te meitsjen. Wy hawwe fouten makke, wy hawwe dingen goed dien. Der falt neat mear oan te feroarjen. Ik bin net mear de “bakkerinne”, mar noch wol frou fan, mem, beppe, freondinne, bestjoerslid, lekepreker, frijwilliger èn kollumnist! En wa wit, wat der noch mear op myn paad komt. Ik lit earst alles mar wat op my ôfkomme. Dochs mar even sjen, hoe as it is om allinne mar “Aeltsje” te wêzen. Earst noch mar even genietsje fan al dy prachtige blommen. Myn hûs is in blommesaak gelyk! Earst noch mar ris rêstich al dy leave kaartsjes lêze. Even de tiid nimme om alles besinke te litten. Ik ha al in hiele protte foto’s op de mail. Ik bin net sa fan de plakboeken (nea oan tiid hân). No miskien it moment om dêr ris mei te begjinnen. Krekt sa as myn skoanmem die, doe’t hja slachtersfrou ôf wie.
Moarn earst nei de notaris, dan is it echt offisjeel. En fansels moat der noch fanalles regele en dien wurde. Wat dat oangiet is it libben in stik yngewikkelder wurden. Doe’t wy de saak 26 jier lyn oernamen, gong dat yn myn belibbing nochal maklik. Lieuwkje stie de iene dei noch yn de winkel, en de oare dei stie ik dêr. En dat wie it. Fansels hie ik doe al 12 jier bakkersfrou west, dus ik wist wol in bytsje hoe as alles yn syn wurk gie. Dochs wie Stiens wol hiel oars as Winsum. Ik wit noch bêst, dat ik de earste sneons sei: “It liket hjir wol kryst”. Sokke drokke sneonen wie ik net wend yn Winsum!
Boppedat hiene wy ynienen folle mear personiel en ek dat is wennen.
It hat in goede stap west. It wie yn ús belibbing net in grutte stap, mar it hat ús in protte brocht. De stap dy’t Niels en Annefrouke nimme is grutter, foaral ek yn dizze tiid. Mar wy binne oh sa bliid, dat se it oandoard ha om it te dwaan. De bakkerij, dêrt wy al ús enerzjy yn stoppe hawwe, bliuwt bestean! It hie hiel oars west, as de doar foargoed tich gien wie. It sil grif oars wurde, mar sa gong it 26 jier lyn ek. Tiden hawwe no ienkear tiden, sa sil it altyd bliuwe.
Tiid foar in nije takomst! λ
Aeltsje de Groot
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december