Algemeen

COLUMN: Nijs of âldnijs?

Ha jo dy fleanende auto lêst ek sjoen foar de tillevyzje, yn de krante of op internet?

Hoe is 't mooglik, in auto dy 't fleane kin! It is hast net te leauwen, mar se lieten sjen hoe er de loft yn gie. As jo trittich-fjirtich jier ferlyn ferteld wie dat skylk de auto's fleane kinne, dan soenen jo mei de holle skodde ha en fêst tocht, dat it by dy persoan net alhiel doochde of dat it in grap wie.

Krekt sa koenen de minsken fan doe har ek net foarstelle dat je no belje kinne mei in tillefoan sûnder tried. Of dat je no mei in smartphone de hiele wrâld besjen en belje kinne. 

Soks koe doch ûnmooglik wier wêze, tocht men doe. Sa hat elke tiid syn eigen nije dingen.
Witte jo noch dat der eartiids in programma op de tillevyzje wie dat hiet: " Farce Majeur "?
Fiif mannen dy in fleurich programma makken oer allerhande saken en minsken. Der wie doe in âlde man dy se wat fregen oer de minsken dy op de moanne west hienen. Alhoewol se seinen dat se it sels sjoen hienen op de tillevyzje sei it mantsje: 'En gij gelooft dat? Dat syn schimmen! Nee, op de maan, daar komen se niet! Nooit!' De man wie der fan oertsjûge dat se dêr nea komme soenen, mar 'Het was uit het leven gegrepen' want doch wienen dêr doe al minsken west!

En no is der wer wat nijs, want der sil aanst in man nei de moanne op fakânsje, as toerist.
Hy hat noch al in probleem, want hy wol graach in frommiske mei ha!
Fansels is soks geselliger as allinnich, mar it liket my wol op fleanen om dêr hinne. No hoech ik der net bang foar te wêzen, want hy sil my nea freegje gelokkich en de froulju út Japan binne net sa bang, want dy steane al yn 'e rij, as je de berichten leauwe meie. Soe er noch oare plannen ha, kaam der sa stikem yn my op. Soe er dêr mei dat frommiske miskien in bern oansette wolle?

No ja, wat er ek mar fan plan is, ik winske him en har in goeie reis, mar foaral sûn wer thús! As it allegearre wier is dan sille wy der, mei de tiid, wol wat fan hearre, tink ik.

Want net alles is altyd wier. Der binne minsken dy it moai fertelle kinne en in grutte fantasy ha. In eardere buorman fan ús, jammer genôch is hy net mear ûnder ús, hie dy gave ek! Sa sieten wy, op in moaie simmerjûn, ris foarhûs. Buorman fytste by ús lâns, bleau efkes stean en makke in praatsje. Op dat stuit bleau der in grut jonge by him stean fan in jier of acht.

Buorman koe him wol en sei: 'Jonge, do moast gau sjen datst thús komst, want dy grutte beam by jim foarhûs hinget fol mei ijsko's en dêr meie alle bern út it doarp fan ite. Gau der hinne jong, oars binne se aanst op!'

De jonge hie nei him harke en rûn fierder doe er útpraat wie, mar nei in pear stappen bleau er  stean, draaide him om en sei: 'Sûch!'

Buorman lake omraak en wy ek. Sa hat hy it ek ris oer in fleanende auto hân en dêrom hyt dizze column: "Nijs of âldnijs?" Dat gie sa, ús jongste wie op in dei efkes mei him fuort west yn de auto en de jûns ûnder iten fertelde hy dat buorman syn auto fleane koe! 'Wel ja, hoe soe it ek oars.' wie myn beskie. 

Mar foar ús soan wie wat buorman sei hillich en dêrom rôp er oerstjoer: 'It is echt wier!!!  Der sit by it stjoer in knopke, dêr mei wy net op drukke, want dat komme der vleugels út de siidkant wei en dan kin er fleane! Mar dat mei net op 'e dyk, dan moatte wy earst nei de fleanbasis en dat hie buorman no net oan tiid.'

Wy koenen prate wat we woenen, mar buorman hie it sein en dan wie it wier! Punt út!!! 

Omdat ik it bysûnder fûn dat buorman soks jierren earder al betocht hie ha ik ris efkes op internet nei de fleanende auto's sjoen. Alhoewol der ferskate modellen te sjen wienen, wie der ien by dy 't wol hiel bot op buorman syn 'model' like. Sawol de wjokken oan de side as it knopke wêr je op drukke moasten! Dus eins wie dy fleanende auto gjin nijs mar "âldnijs" foar ús! En dy buorman fan eartiids, dy koe it moai fertelle en hie in soad fantasy, dat is wis en seker!  Mar dat hy sa'n model goed tritich jier ferlyn al goed foarsizze koe, no dat fyn ik wol hiel knap! λ

 

Etie Pasma, Hijum 2020