Algemeen
COLUMN: Neat giet fansels
Dizze útspraak hearde ik yn in tillevyzjeprogramma. Neat giet fansels. Ek al is immen noch sa suksesfol, it is net fansels gien. Teloarstellingen, tebeksetters, ûnbegrip, soms is der in hiele protte oan foarôf gongen oan dat grutte sukses. Folhâlde, de moed net opjaan en mar wer trochgean, dat liedt dan úteinlik nei dat iene glorieuze moment, dat moment, dat alles wol op syn plak falt, dat alles wol klopt.
Yn datselde programma seach ik ek in (âld) interview mei Elton John. Dy’t earlik útkaam foar syn drugs- en drankprobleem dat er hân hie. De drang om himsels kapot te meitsjen, allinne om’t er yn wêzen sa ûnseker en sûnder selsfertrouwen wie, troch in jeugd dy’t dêr oan by droegen hie.
Ek by him gong it allegearre net fansels, der moast hurd wurke wurde, om út de klauwen fan drank en drugs wei te bliuwen.
No giet it der yn ús “gewoane” libbens faak wol wat minder heftich om wei. Wy steane net yn de spotlights en kinne ús libben libje sa as wy dat wolle. Mar: it giet by ús ek net allegearre samar fansels. Wy sjogge hiel faak allinne de bûtenkant mar, en dan liket it, dat it by sommige minsken allegearre fansels giet. In lokkich houlik, in fijn gesin, goede baan, moai hús, in pear kear yn it jier op fakânsje, gjin wolkje oan de loft. Mar is dat allegearre fansels gien? Ik tink it net.
Ik tink oan mysels. In lokkich houlik, in fijn gesin, in goede baan, in moai hús, en in fakânsjehúske en in boat yn Grou. Fan ‘e moarn binne wy begongen mei alle bern en oanhang om de tafel. En jûn siet ik mei myn hiele skoanfamylje en in freondinne om deselde tafel om de dei ôf te sluten. Wat in rykdom! No sit ik oan dy tafel de kollum te skriuwen, en nei te genietsjen fan in jierdei dy’t net mear yn it teken fan korona stie...
Mar is dit allegearre fansels kommen? 1 september wie it 47 jier lyn, dat ik begong te wurkjen. 1 augustus wie it 37 jier lyn, dat wy ús earste eigen saak krigen. En der binne wolris tiden west, dat it net sa maklik gong allegearre. In relaasje hat ek syn ups en downs, ek dêr moat oan wurke wurde om it goed te hâlden. Bern groeie op, en dat giet net samar. In eigen saak is moai, mar it jout soms spanning en it is net altyd in feestsje... Dus ja, neat giet fansels.
Dochs sit ik hjir no tefreden te wêzen. In jier lyn wie der de spanning fan Nico syn sykte, en in dochter dy’t krekt swanger wie. Nico is wer hielendal better, en de kanker is wer sa fier fuort. Us lytse beppesizzer fan fiif moanne wie hjoed it striel-jende middelpunt. Soms falt gelok jin ek gewoan ta, en meie wy der simpelwei fan genietsje. Wy hoege no net mear sa hurd te wurkjen om te berikken wat wy wolle. Yn feite ha wy alles al, dat ha ik hjoed ek wol wer erfaren.
Mar úteinlik giet oan elk sukses it noadige foarôf, neat giet fansels. En dat is no krekt it moaie fan âlder wurden. Dan hat men al genôch dien en kin men ek ris achteroer leune en tefreden om jin hinne sjen. Mar... net te lang. Want fansels wol ik noch wol wat foar dizze wrâld betsjutte, ek yn de takomst. En...dat giet net fansels!
In feestlike ôfsluter: sûkeladetaart mei mascarpone.
Ingrediënten:
• 250 gr. molkesûkelade yn stikjes
• 250 gr. sachte bûter
• 400 gr. sûker
• 8 aaien
• 125 gr. seefde bloem
• 300 gr. mascarpone
• 300 ml. slachrjemme, net te stiif kloppe
• springfoarm fan 20 sm ø, beklaaid mei bakpapier
Ferwaarmje de oven foar op 180°C.
Raan de sûkelade au bain-marie. Klopje de bûter en de sûker oant it in luchtige massa is. Doch de aaien der ien foar ien by, ûnderwilens troch klopje. Dan de sûkelade der troch dwaan en dêrnei de bloem der troch skeppe. Jit it mingsel yn de springfoarm en bak de taart yn sa’n 40 menuten goudbrún en gear. Lit de taart dêrnei op in roaster ôfkuolje.
Ming de mascarpone en de slachrjemme troch elkoar. Snij de taart yn twa lagen. Besmar ien laach mei it mascarpone-mingsel en lis de oare laach der boppe op.
Ferdiel de rest fan it mascarpone-mingsel oer de boppekant en sydkanten fan de taart.
Der kinne noch wat reade fruchten op de taart lein wurde om it feestlik te meitsjen λ
Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Ma 2 december
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Za 7 december
-
Zo 8 december
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Za 14 december
-
Ma 16 december