Algemeen

Column: ‘n Druppy oaly,

Op it ein fan it jier sjocht men faak werom nei wat der it ôfrûne jier bart is. Ek no lei dat yn de bedoeling, mar ik kom alle kearen werom op dat slimme firus dat ús yn de besnijing hâldt. 

Om no te sizzen dat it in weismiten jier is, giet my ek wer te fier, mar wy hienen wol ús beheiningen. Mar foar dat ik in wurd op papier sette koe, hold myn kompjûter der mei op. Miskien wat bot sein, mar om in ferhaal op papier te krijen hie ik, bûten it tinken om, wol in pear dagen wurk. Wer is wat oars dan praat oer corona.

Yn sokke gefallen is Rinse myn hoop yn bange dagen. Rinse, in echte ientalige Biltker, hat in kompjûtersaak yn St Jabik, dêr’t hy eartiids as hobby begûn is mei de húskompjûters sa as de comodore 64 en MSX. Letter is hy oerskeakele nei it gruttere wurk. Ek yn myn gefal, dêr’t in kompjûter sa traach is as tsjokke sjerp, waard de tillefoan oan it ear set en haw ik him skille. 

Men soe fan de oare kant ferwachtsje: “met Rinse”, mar nee, ik krige fuortdaliks te hearren: “Hoi Hindrik, hoe is ’t met jou, ok ‘n skoft niet fernommen”. Dan fiel ik my fuortdaliks thús. En om’t ik wit dat myn konsult oan Rinse net by de earste telefoantik úteinset, komt der earst in hiel ferhaal foar it úteinlik oer de steuring fan myn kompjûter giet. Doe’t it op de steuring oankaam hie ik myn ferhaal noch net iens ôfmakke doe’t hy al opmurk: :”Ik weet wel wat ‘t is, dêr hew ik wel wat foor op ‘e plank lêgen”. Dit soart minsken mei ik wol oer, dy’t al in oplossing ha foar dat ik myn ferhaal ôfmakke ha. “Bring ‘m maar even dan set ik dat d’r wel in en toegelyk haal ik de stofsuger d’r ok efys overhine”. Ja, Rinse hat wolris fan dy frjemde opmerkings. 

Eartiids hie ik al ris maleur mei in scanner en doe wie syn oplossing: “Ik hew wel gau ‘s súkses had met ‘n druppy oaly”. Dy humor past by him. En ferdomd noch oan ta, it wurke ek.

“Stofsûger der oerhinne?”, frege ik , “Ja, soa noem ik dat maar”, sei hy. “Dan haal ik alles d’r ôf wat d’r niet in sitte hoeft. Der is wel in freemd woord foor, maar dat snappe jim dochs niet”. 

Om’t hy it op ’t stuit ferskuorrende drok hie, moast ik myn ferhaal earst mar ôfmeitsje en dan de kompjûter mar by him bringe. 

Mar om doch noch op it begjin werom te kommen: Foar sommige dingen hat it wol in bytsje in ferlern jier west. Dan praat ik net oer it deise libben, mar oer de moaie dingen dy’t ús by de hannen om’t ôfbrutsen binne troch dy corona. Neam bynammen al de sport, dy’t foarearst hielendal op ’e rêch lei. En doe’t it nei de simmer wer in bytsje op gong kaam, waard it wer ôfbrutsen. De wykeinen mei kuorbal, fuotbal, hânbal en keatsen  moasten wy spitigernôch dit jier ek misse. Faak ek noch mei de te beheljen kampioensfeestjes der efteroan. Neat mocht mear binnen de oardel meter. Ik mei myn eigen bern, bernsbern en de buorfrou net iens mear in krûpke jaan. Lokkich hawwe wy yn de simmer noch wat mei ús karavan der op út kinnen. Mar ús famylje wykein nei in dreampark koe net trochgean. Mar moatte wy mopperje? Nee, ik lêsde krekt noch oer in Joadsk jong steltsje dy’t yn de oarloch mear as twa jier ûnderdûkt sitten hienen en sa’n bytsje allinne by nacht it deiljocht sjoen hie. Wêr prate wy dan oer. Wol hiel spitich dat it feest by de betinking fan harren frijheid, 75 jier ferlyn, ek net trochgie. 

Moarn sil ik de kompjûter mar nei Rinse bringe, dan kinne wy ek wer efkes byprate. Want as ik dêr kom wurd der in stoel oanskoot en dan sitte we noflik tegearre yn syn wurkpleats. In wurkpleats dêr’t in jier as wat ferlyn wol fiif stuollen stean koenen, mar it no mei twa wol ophâldt. En as wy útpraat binne en ik wer fuort gean, seit Rinse steefêst: “Ik mot noarig ‘s an ‘t oprúmmen”. Ik sis dan steefêst yn myn bêste Bilts: “Sou ik niet doen Rinse, dat past niet by jou”. 

Ik haw krekt mei him skille. “Breng hem maar”, sei hy,” en dan bel ik wel at-y weer klaar is. Kin wel ‘n paar dagen dure want ik hew ‘t ferskrikkelike drok. De mînsen wete niet wat se útfrete sille en derom klimme se maar achter de kompjoeter. En om’t sommige mînsen der niet soa feul ferstând fan hewwe, krij ik hyltyd meer werk”. Ik snapte fuortdaliks wat hy bedoelde. 

Doe’t ik sei dat ik der dalik oankaam, krige ik as antwurd:  “Dat is goed, set ‘m maar in ‘e grazy op ‘e kontener, dan pak ik ‘m der wel weer weg”. 

Mei oare wurden: Der wurdt dizze kear gjin stoel oanskoot yn syn wurkpleats. Corona proof, neame se soks.

hfdp@kpnmail.nl    

Henkie fan de Polderdyk winsket alle lêzers fan syn columns in lokkich, mar foaral sûn 2021.