Algemeen
Column: Muzyk makket it libben
De oanlieding foar it skriuwen fan dizze kollum is in hiele tryste. Mar ek dat heart by it libben.
Twa wike lyn stoar der in jonge man fan 27 jier, de broer fan ús skoansoan. Twa jier lang focht er tsjin kanker, mei wisseljend sukses. Oant dúdlik waard, dat it net mear goed komme soe. In fleurige jonge, mei in protte humor. Op hast alle foto’s mei in brede grijns. Ek op de foto’s fan de lêste twa jier. It lêste jier mei syn freondinne, in ferpleechkundige, dy’t er kinnen leard hat tidens ien fan de safolle opnames yn it sikenhûs. Wat moat dit in yntens jier foar dy twa jonge minsken west ha. Mar de leafde foar elkoar en foar it libben spatte der ôf.
En dan komt dochs it tillefoantsje: “Patrick is fan ‘e moarn stoarn.” No’t ik it op papier set, komt it nochris binnen. Wat hellet it libben soms wrede grappen út. Sa’n prachtich libben, nei 27 jier út en oer. Syn moed, syn wil om te libjen, om troch te gean, om alles der út te heljen. Om stil fan te wurden.
Doe kaam de begraffenis. Foar ús fia de kompjûter. Heit en styfheit, broers en freonen droegen de kiste yn de aula. En doe bruts ik. Want der waard in liet ôfspile, dat foar my it toppunt fan lokkich wêze betsjut. Ik hearde it ea op in moment, dat ik my yntens lokkich fielde. En elke kear as ik dat ferske hear, fiel ik wer dat lokkige gefoel. Net sa yntens as doe, mar it gefoel is der wer. Dat docht muzyk mei minsken. Soms ek mei lieten, dy’t op in begraffenis draaid binne. Dan bliuwt dy ferbining mei dat moment fan fertriet. Hast altyd bliuwt ek de ferbining mei de persoan, dy’t der net mear is. En dat kin dan ek wer treast jaan.
No wie it hiel oars. Krekt dat iene nûmer, dat my altyd sa lokkich makke(t) waard draaid op sa’n yntryst moment. Ik kin sizze, dat dat trije dûbel binnen komt. De emoasionele lading fan it ferske krige der no in laach by, in totaal oare emoasje. Yn ien klap stie der in djiptryst moment neist in lokkich moment. Logysk, dat dy twaspjald my op dat moment ek hast letterlik út elkoar skuorde. Mar it soarge der wol foar, dat it gefoel djip en heftich wie. En dêr is eins neat mis mei. Ik wit fan mysels, dat ik hiel goed bin yn muorkes bouwe. Jin in bytsje ferskûlje foar alles, en gewoan troch gean, neat oan de hân allegearre.
En dan is der muzyk, en dy kneppelt alles om. Puere emoasje, puer gefoel. Fan it opperste gelok oant it djipste fertriet. Dizze erfaring gong djip, hiel djip. Mar ik ha it ek by oare muzyk. It ferske fan Miss Montreal “Door de wind”, rekket my ek elke kear djip. Ek dêrby fiel ik muorren fallen. It giet oer ferlies, it ferlies fan in dierbere. Us mem, dy’t ik in jier lyn misse moast. Al dy oare minsken dy’t der net mear binne. Troch de wyn en de stoarm kin ik se soms fiele...
Muzyk, it ferbynt minsken. It makket minsken bliid. It kin fertrietlik meitsje, mar ek louterjend wurkje. It is magysk, wat it docht mei minsken. Litte wy hoopje, dat wy straks wer mei elkoar mesyk meitsje kinne, mei elkoar sjonge kinne. Mei elkoar harkje kinne, nei mesyk. Muzyk makket ús libben.
Net allinne muzyk, mar ek geuren en smaken kinne herinneringen oproppe.
Pankoek bakke is sa’n erfaring, dy’t jin meinimt nei in oare tiid. Dêrom no in resept fan pankoekjes mei banaan en paranuten.
Ingrediënten:
- 185 g. bloem
- l. sâlt
- l. bakpoeier
- l. suveringssâlt
- 1 tl. giele basterdsûker
- it murch fan 1 fanyljestokje
- 2 aaidjêren
- 25 g. raande bûter
- 2 dl. sûpe
- 1 dl. molke
- 2 aaiwiten
Foar de saus:
- 140 g. giele basterdsûker
- 100 g. paranuten
- 2 bananen yn plakjes
- 2 dl. ahornsjerp
Ming de bloem, it sâlt, bakpoeier, suveringssâlt, sûker en it murch fan in fanyljestokje yn de keukenmesine. Doch de aai-djêren, bûter, sûpe en molke der by en meitsje der in glêd beslach fan. Klopje de aaiwiten stiif en spatelje se troch it beslach.
Bak lytse pankoekjes oan beide kanten goudbrún yn hite oalje.
Doch de hakke nuten, de banaan en de sûker yn in panne en ferwaarmje it oant de sûker begjint te karamelisearjen. Helje de panne fan it fjoer en doch de sjerp der troch.
Yt de pankoekjes mei de banane-nutesaus
Laatst geplaatst
Agenda
-
Do 28 november
-
Do 5 december
- 09:00 Expositie Yvon Sterk
- 15:15 Volksdansvereniging Stiens
-
Wo 11 december
-
Do 12 december
-
Ma 16 december
-
Do 19 december
-
Do 26 december