Algemeen

Stean ik krekt yn de does myn tosken te poetsen, tink ik oan mûzen, tink ik oan de kollum dy’t ik dêr 30 jier lyn oer skreau...KOLLUM!!!! Ik moat noch in kollum foar de Stienser skriuwe! De hiele dei hie ik it oan tiid. Nico is op wintersport, dus echt alle tiid...ferjit ik it (hast).

No, ik ha ek fakânsje, dus dan mar wat letter op bêd. 

Dy mûzen dus. Want dêr begong it mei. Twa wike lyn wie ik oan it oppassen yn Hilversum, krij ik healwei de dei in appke: “as mem straks mei it iten begjint, dan wol even sjen as der gjin mûzestront yn de pannen sit”. Jakkes, dêr bin ik hielendal net bliid mei. As ik ergens in hekel oan ha, dan is it mûzen. 

Dus ik earst goed tsjin it doarke skoppe, foardat ik de panne der út helle. Lokkich hat myn beppesizzer noch net sa yn de gaten wer’t beppe mei dwaande is. En ja hear, der siet mûzestront yn de panne....

Der kaam net in mûs achteroan, doarke gau wer ticht en panne mar goed ôfwaskje.

Jûn sei dochter nummer trije: “wy ha op’t heden ek in mûs yn de keuken, ik hear him jûns wol ritseljen.” Ha se ek noch in hûn en in kat, helpt dus ek net...

Twa dagen lyn soe ik nei de kuoling achter yn de bakkerij, sjit der in mûs foar myn fuotten lâns...

Lokkich ha ik hiel heldhaftich personiel, dy’t dan wol foar my nei dy kuoling wolle. Want ik kom dêr dan even leaver net. Slacht nergens op fansels, want ja, op in gegeven mo-mint moat men wol wer.

En sa is it altyd al gongen. Yn Winsum hiene wy soms hiel bot lêst fan mûzen. Wy hiene de bakkerij dêr oan hûs en it wie in âld hûs, mei in solder dêrt wat keamerkes yn ôftimmere wiene. Sels op de tekkens fûn ik mûzestront...Yn de bakkerij stie altyd in krat mei âlde stokbôle boppe de oven, en dat wie ek in hearlik plakje foar mûs en syn/har maten. Mar it wie soms sa slim, dat se sels yn de winkel kamen. Op in gegeven momint siet der ien ûnder de bôle snijmesine. Ik rôp ús banketbakker der by, en stie op feilige ôfstân te sjen hoe as er de snijmesine oan de kant luts. Doe’t de mûs der ûnderwei skeat, sprong hy wol in heale meter de loft yn...Dêr skreau ik doe in kollum oer, foar it blêd fan de ynkeapferiening dêr’t wy doe by wiene. Dy kollum waard trouwens by deselde drukker drukt as dizze dy’t ik no skriuw. Sa rinne dingen.

Mar dy mûzen, as men in bakkerij hat, komme se en geane se (meastal dea). Wat wy dan faak wer rûke. Oh, wat ha ik der in hekel oan! Mar wat sis ik dan hiel stoer tsjin myn dochters: “och ja, it heart by de tiid fan it jier. As it wer wat kâlder wurdt, sykje se de lekkere plakjes wer op.”

Krekt as fyn ik it dea normaal, dat dy lytse glûperige beesten wer kost en ynwenning sykje by ús.

Nuver, dat men der “bang” fan wêze kin, as men in mem hie, dy’t se gewoan dea sloech mei de biezem. Us mem joech der echt neat om.  Myn skoanmem sprong wol op de stoel, as der in mûs troch de keamer rûn, dy ferhalen geane noch altyd yn de famylje. Dêr kin ik wat mei, in frou nei myn hert!

Gelokkich hear ik hjir yn myn eigen keuken noch neat ritseljen. Ek dat hat yn it ferline wol oars west. Sprongen de mûzen út it laad mei de teedoeken. Mar sels dat ha ik troch-stien. Dus sil ik my der no ek mar net mear drok om meitsje. Ik ha al opdracht jûn om de fâlen te setten. Earme mûskes...

Dizze man wie fêst net bang foar mûzen: Grutte Pier. Wolris in “Grutte Pier brochje” hân? Hjir is it resept:

 

Ingrediënten

4 stikjes roggebrea

2 frissûre appels

20 gr bûter

100 gr droege Fryske woarst

4 plakken jongbelegen tsiis

2 ytl. rezinen

 

Lis de stikjes roggebrea op in bakblik. Skyl de appels en boarje de klokhuzen der út. Snij se yn dikke plakken en bak dizze goudbrún yn de bûter. Lis se op it brea en dêrop de plakjes droege woarst. Doch dan de plakken tsiis der oer hinne en set se ûnder de grill oant de tsiis raand is. 

Waarm opite mei wat rezinen der oer hinne struid

 Echte Bakker Nico & Aeltsje, Stiens.