Algemeen
Column: Krystjûn yn de âld tsjerke
Boer Bosma wenne mei syn frou en soan Sytse yn it noarden fan Fryslân. Hy wie in bouboer mar hold oe sa fan bisten en hie dêrom tritich skiep yn it lân rinnen. Dat wie fee fansels, mar hy fielde him gjin veeboer mar mear in hoeder, in skiepehoeder!
Alle dagen gie er nei it lân om de bisten te tellen. Dy koenen him en kamen, as se him seagen, blêrend op him ôf want se wisten dat hy altyd brokjes yn ‘e bûse hie. Op in neimiddei, yn de twadde helte fan desimber, doe hy de skiep wer telde, kaam er mar op njoggenentweintich! Hy begûn opnij, mar se bleaunen net op ien plak stean en wer telde er njoggenentweintich! Hy rûn by de sleatten lâns, mar gelokkich siet der net ien yn ‘e sleat. Wer telde hy, mar no kaam er op ienentritich. Och it sil wol klopje, tocht er, en hy gie nei hûs. Gelokkich kloppe it ek want de oare moarns telde er wer tritich! Alle dagen dêrnei wienen der wer tritich, oant der op de neimiddei fan 24 desimber wer njoggenentweintich wienen.
‘Wol ferdraaid, no moat it net mâler.’ sei er. Hy rûn wer by de sleatten lâns, telde opnij mar kaam net fierder as njoggenentweintich! Ik sil my wol wer ferteld ha, tocht er en gie nei hûs. Thús sei er it wer, krekt as de oare kear, tsjin syn frou, mar dy tocht dat er him wer ferteld hie. ‘Moarnier sille der wol wer tritich wêze,’ sei dy, ‘mar we moatte no ite, want om 7 oere begjint de krystjûn fan skoalle yn de âld tsjerke. Dêr moatte wy op tiid hinne want it sil wol drok wurde.’ Oan tafel frege er wêr Sytse wie. ‘Dy hat al iten. Hy moat ommers meispylje yn it krystspul en moast dêr betiid wêze.’
‘O ja, dat is ek sa!’ Omdat it al let wie hie de boer de deiske klean mar oan holden, evengoed wie is hast 7 oere doe se de âld tsjerke ynrûnen. Dêr wie it al goed fol mar efteroan koenen se noch by mekoar sitte. Nei in wurd fan wolkom fertelde de master fan ‘e heechste klasse it krystferhaal en alle kearen as er it oer minsken hie dan kamen der bern yn dy dy minsken foarstelden. Sa begûn er oer Josef en Maria, dy ûnderweis wienen nei Bethlehem en tagelyk kamen der in famke en in jonge nei foarren.
Sytse syn mem woe niks misse fan it krystspul en siet rjochtop om alles goed te sjen. Master begûn oer de hoeders en yniens seach se har soan, mei noch oare jongens, der ynkommen.
Sêft sei se tsjin har man: ‘Dêr is ús Sytse!’
Der kaam gjin reaksje dêrom seach se nei him en och hea, hy siet te knikkeboljen en sliepte.
De boer krige in bêste tik fan syn frou en waard wekker!
Op datselde stuit gie der in grut ljocht oan en kaam der in ingel nei foarren. De boer wist sa gau net wêr er wie, skrok en sei lûdop: ‘Wat in ljocht, ik skrik my kapot!’ Gelokkich wie master net sa gau fan syn stik en sei: ‘Ja, de hoeders skrokken ek!’ De minsken om harren hinne moasten laitsje, mar gelokkich gie alles gewoan troch. Sytse syn mem skodde de holle en flústere: ‘Wekker bliuwe no, mar sjochst Sytse wol?’
‘Nee, wêr is hy dan?’ seit er sêft werom. ‘Dy rjochtse, mei de sek om ‘e holle!’ ‘Wat moat dat foarstelle?’ ‘Hy is ommers in hoeder!’ De boer snapte it, want ek hy hie, as it kâld of wiet waar wie, wol in sek om ‘e holle. De boer siet no ek rjochtop en seach en harke hoe it fierder gie. Oan it ein fan ‘e jûn krige elk in beker poeiermolke en alle bern in sinesappel en in boekje.
Wylst de boer en syn frou op Sytse wachten makken se noch in praatsje mei de minsken mar it duorre lang foardat Sytse kaam. De minsken gienen al fuort dat de boer gie dêrom nei foarren om him op te heljen. Yniens klonk dêr troch de âld tsjerke: ‘Bééé! Bééé! Bééé! De boer wist drekst dat dit ien fan syn skiep wie en helle in brokje út syn âld jas. It skiep rûn op him ta en luts Sytse mei, dy him oan in stik tou beet hie. De boer sei: ‘No wit ik wêrom ik in skiep minder telde. Do hiest him meinommen, of net?’ Sytse knikte en sei: ‘Ik wie bang dat it net fan heit mocht en ik hie it master beloofd, dêrom ha ik it mar stiekem dien!’ ‘Fansels hie dat mocht, mar do hiest it my earst al freegje moatten!’
‘Sorry heit!’ ‘It is wol goed jonge, ik bin bliid dat ik it wit en do wiest in goede hoeder hear, sawol hjir yn it krystspul as no yn it echt, want do hast goed op him past!
Sytse stie der noch altyd wol wat skuldich by, mar wie bliid dat syn heit sei dat hy in goede hoeder wie, want dat woe hy letter ek graach wurde, krekt as syn heit, in echte skiepehoeder!
Ein
Etie Pasma, Stiens 2022
Oan it ein fan myn hûndertste column wol ik jo, ek namens myn man, fijne feestdagen tawinskje en alle goeds foar 2023.
Laatst geplaatst
Agenda
-
Ma 13 januari
-
Di 14 januari
-
Wo 15 januari